Grut gasfjild fûn by Mitselwier
moandei 9 jannewaris 2012
MITSELWIER – De Nederlandse Aardoliemaatschappij (NAM) hat in grutte gasbûl ûntdutsen by Mitselwier. Dat hat de NAM hjoed buorkundich makke. It gas sit op in djipte fan 3900 meter tusken twa al bekende fjilden yn.
“Deze vondst overtreft onze verwachtingen”, seit NAM-direkteur Bart van de Leemput. It is de grutste gasfynst yn hast tweintich jier tiid. Yn it gebiet sit sa’n fjouwer miljard m³ gas. Dat komt oerien mei wat alle minsken yn Fryslân yn njoggen jier tiid ferstoke. Oer de wearde fan it gas doar de NAM noch gjin útspraak te dwaan.
Ek sjen:
- Wynmûnen by Mitselwier DOKKUM – De gemeenteried fan Dongeradiel hat tongersdeitejûn ynstimd mei...
- 300 miljard minder Ek foar de minsken mei miljarden op de bank is...
- Grut termûndersyk DE HAACH – Fan 2013 ôf wurde manlju en froulju...
- Microsoft boppe Google en Yahoo Windows Live Messenger fan Microsoft wurdt 14,5 persint fan alle...
- Banken ha 109 miljard yn risikolannen LJOUWERT – Nederlânske banken hawwe sa’n 109 miljard euro oan...









Fryslan
9 jannewaris 2012 17:06
Us gas, Us rjocht!
Ferjo
9 jannewaris 2012 17:40
Alles wer moaie nei de rânestêd ta.
mbc84
9 jannewaris 2012 19:01
mei de opbringsten hjirfan soenen in bulte saken goed stipe wurde kinne yn FRL, mar ja, 2% of minder, krijt Noard-Nederlân, salang’t de haven yn R’dam mar grutter wurde kin, salang’t westlik Nederlân mar groeie kin en wy de hân mar ophâlde kinne…
Ferjo
9 jannewaris 2012 19:05
nei myn witten is it minder as 1%.
mbc84
9 jannewaris 2012 21:14
ik koe sa fluch it nijsberjocht net fine, mar beide kearen is it FIERSTENSTE MIN!! Ek hjir docht de Fryske polityk neat oan… It binne eins mar in stel sliepers, dêre yn Ljouwert…
E-F
9 jannewaris 2012 21:44
Wat soe Fryslan fan dot jild in protte saken yn oarde meitsje, mar sa as minsken boppe my al sein ha… it gjit >>>>>>> nei de rânestêd….. Op it nosjournaal waard sein dot dit gasfjild 2.5miljoen hushaldings 1 jier lang gas levere koe. Mei oare wurden, Fryslan soe er in jier ot wat mei dwaan kinne! Mar nee…
Tako
10 jannewaris 2012 00:10
No net te mal minsken, wat hawwe wy yn Fryslan net profitearre fan it Grinser Slochteren gas (der’t disse nije fynst wier noch net in minimaal partsje fan is), en earder fan de Limboargse koalen en al us eartiidse koloniale rykdommen? Sunder dat alles soenen wy it wier folle minder hawwe as no (en slim kald). En och heden wat krimmeneare wy dochs by in bytsje boaiemdaling by Harns… Sa’n funementiele anti-halding tsjin de mynbou stipet de untjouwing fan us minerale rykdommen nou krekt net … It moat oars: wolkom mynbou, wolkom wurk, lit us us rykdommen foar eltsenien ta goede untwikkelje! Wy wolle hich-tech bedriuwen en banen foar in nije generaasje, dat is de beste takomst foar Fryslan. Mei alinne natuergebieden en aldereintehuzen is Fryslan en it Frysk oer 25 jier wier kroandea.
Ferjo
10 jannewaris 2012 09:29
Miskien dat der wat wurk fan komt ja, mar dit is tydlik, de gasfjilden reitsje leech. At de baten yn it noarden bliuwden dan soenen wy hjirre no al in folle bettere ekonomy hân hawwe.
Mar nee de baten wurde elk jier foar in grut diel yn de jierlikse begrutting brûkt.
en geane nei grutte projekten yn de rânestêd en projekten sa as de spoarlyn nei Dútslân ta, dy’t lykwols lang net safolle opleveret as dat er koste hat.
Boppedat is it gas oer 50 jier op, ferdwynt dit wurk, en sis my no is wat it us dan úteinlik oplevere hat.
Derneist is boaiem deling foar jo miskien net erch, want jo libje net 1000 jier. Diken kin net ûnbeperkt ferhege wurde. Wol je op de lange doer oan de Noardsee sa’t er no neamt wurd, libje, en stean je foar it Fryske folk dan moat je net allinnich oan dizze generaasje tinke mar ek oan sân generaasjes nei dy.
En sân betsjut yn it Frysk net allinnich sân mar ek alle.
Fryslan
10 jannewaris 2012 12:25
Ik fyn dat de opbringsten ferdield mat wurde, 50% inkomsten foar de provinsje, 50% nei it ryk. Dit jild ek foar grins of wer dan ek.
Ferjo
10 jannewaris 2012 17:47
At je it mei @Fryslan iens binne, Soe dat no betsjutte moatte dat alle kommende opbringsten nei de provinsjes gean moatte.
want oer 50 jier is de boel op.
Ik bin fan miening dat se de boel mei rinte werombetelje moatte.