Ien toeristysk webstee foar Fryslân
moandei 16 jannewaris 2012LJOUWERT – Foar it earst komt der yn Fryslân ien website dêr’t alle toeristyske attraksjes en bedriuwen op steane. It giet om in inisjatyf fan de nije VVV Fryslân. Oant no ta wiene der in soad losse sites, lykas De Marrekrite en Fryslân Marketing.
Op de nije site moatte hotels, restaurants en musea de ynformaasje sels byhâlde. Se krije dêrfoar in ynlochkoade fan de VVV. Doel is dat de gegevens net allinnich foar de site brûkt wurde, mar ek foar oare publikaasjes, lykas toeristyske gidsen en applikaasjes foar de mobile telefoan.
(Boarne: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Nij webstee Omrop Fryslân LJOUWERT – De nije webside fan Omrop Fryslân giet moandei...
- Staphorst wol gjin abortuslink op webstee STAPHORST – De Oeriselske gemeente Staphorst jout gjin ynformaasje oer...
- De Afûk hat in nij webstee LJOUWERT – Taalorganisaasje Afûk yn Ljouwert hat syn webstee folslein...
- Nij webstee Fryske Akademy LJOUWERT – De Fryske Akademy hat syn webstee folslein fernijd....
- Site foar kulturele haadstêd LJOUWERT – It provinsjebestjoer wol noch hieltyd graach dat Fryslân...








