Frysktalige reklame op Nederlânske televyzje
moandei 9 jannewaris 2012
Hollânsktalige reklamefilmkes op Omrop Fryslân binne wy wol wend, mar Frysktalige reklames op ‘e Hollânsktalige stjoerders binne der net. Fansels, hiel inkeldris komme der by de STER en de kommersjelen wolris wat Fryske sintsjes foarby, tink oan ‘e reklames fan Sonnema, mar dy brûke it Frysk benammen om it produkt bearenburch in eksoatysk karakter te jaan.
Carglass docht it oars. It bedriuw hat foar de reklameblokken op ‘e Nederlânske televyzjestjoerders in Frysktalige reklame makke foar syn rútreparaasjeservice. Meiwurker Halbe fertelt yn it filmke wat de service ynhâldt en helpt in Fryske klant troch in stjerke yn syn rút te foljen mei de nije keunsthars HPX3. It filmke is yn it Hollânsk ûndertitele. It is foar it earst dat it Frysk as folweardich kommunikaasjemiddel yn in Nederlânsk reklamefilmke brûkt wurdt.
De reklamegjalp fan Carglass is yn it filmke ferfryske ta: “Carglass reparearret, Carglass ferfangt”. Neffens Johan Boelhouwer, haad kommunikaasje by Carglass, wol it bedriuw sjen litte dat it bedriuw oeral yn Nederlân warber is. De akteurs binne echte Carglassmonteurs. Guon fan harren wurkje no ienris yn Fryslân, lykas Halbe, sa seit Boelhouwer, “in servicemeiwurker dy’t de taal fan ‘e klant praat.”
Dit is it oanbelangjende filmke:
Ek sjen:
- Wa hie it bêste Frysktalige reklameboadskip foar radio en televyzje? Op de Bedriuwekontaktdagen 2012 yn Ljouwert wurde de jierlikse Fryske...
- Oerdeis ek Frysktalige televyzje LJOUWERT – Omrop Fryslân begjint kommende moandei mei deitelevyzje. It giet...
- Nije Frysktalige televyzje-soap LJOUWERT – Omrop Fryslân krijt goed 70.000 euro subsydzje fan...
- Scheringa set troch en komt werom Fan 3 oktober ôf begjint er mei syn nije bedriuw...
- Tiidstaryf foar mobyl ynternet AMSTERDAM – It surfen op ynternet mei mobile telefoans kin...









Erwin2.0
9 jannewaris 2012 16:45
It kin WOL
T. Brûnsma
9 jannewaris 2012 18:10
Juster wie it al op de televysje, hartstikkene moai!
mbc84
9 jannewaris 2012 18:53
ik hearde/seach it niis ek, ik soadeflikkere hast fan ‘e bank… nûmero ûno, sil dit syn wjerslach ek krije by dy oare bedriuwen???
Tako
10 jannewaris 2012 00:41
Ik hie it nea sa op CarGlass, en it filmke is eins ek min (utsein it Frysk), mar oars net as hulde foar disse dappere undernimming. Soenen wy as Friezen us ‘eksoatyske’ taal faaks net folle better kommersjeel ferkeapje kinne?
Daam
10 jannewaris 2012 21:26
Wat dat sa moaie Frysk oanbelanget: Hjir stiet de wierheid. Ik fyn it hielendal super!
http://www.telegraaf.nl/binnenland/11277344/__Friese_parodie_op_Carglass__.html
Ferjo
10 jannewaris 2012 22:55
Ik ha ek al is in reklame fan Coca-cola yn it Frysk sjoen, en dat wie net op omrop Fryslân.
Letter seagest dy net mear, en seagen je allinnich noch mar deselde allinnich dan yn it Nederlânsk
Nynke
10 jannewaris 2012 23:05
Ferjo: deze bedoel je? Die vond ik leuker dan deze van CarGlass.
Daam
10 jannewaris 2012 23:14
Dizze reaksje is fuorthelle.
Erwin2.0
11 jannewaris 2012 17:53
What the fuck?! Yn it artikel fan de Telegraaf stiet dat Friezen argewaasje hawwe soenen fan it ”wurdboek-Frysk”. Goddomme! Dogge se it in kear goed, is der alwer krityk!
Begryp my hjir goed, ik jou allinnich mar krityk op dy eamelsekken dy’t miene dat se oeral krityk op jaan moatte (de saneamde ‘jittikmigers’),
Pietsje
11 jannewaris 2012 19:35
Ik moest glimkje doet ik it seach. Wêrom net? Ik fûn it prachtich en de haadpersoan wie geweldich, puur natuer! Fan my mei der mear fan sokke reklame komme.
warner
2 maart 2012 19:42
wie weet toevallig van wie dat reclamefilmpje was in die alpenhut met vati moeti en twee kids, die naar friesland op vakantie gaan?