‘Ik foel yn de rêdingsboat’

woansdei 18 jannewaris 2012

De kaptein fan it rampskip Costa Concordia, dat sneon omtearde foar de Italiaanske kust, seit dat er net útnaaie woe, mar by fersin yn de rêdingsboat fallen is en net weromkomme koe oan board. Kaptein Francesco Schettino: “Ik wie de passazjiers oan it helpen om in rêdingsboat sakje te litten. Ik hie net ien in swimfest oan, want ik hie mines oan in passazjier jûn. Doe stûke de lift efkes en troch de skok stroffele ik en foel ik tusken de passazjiers yn de sloep.” Der is in hiel soad krityk op Schettino kaam, om’t er it skip ferlitten hie en nettsjinsteande de oarders fan ‘e kustwacht net wer oan board gie. Kaptein Schettino stiet op it stuit ûnder hûsarrest. Hy mei syn wente yn Meta di Sorrento net ferlitte.

It sykjen om oerlibbers en drinkeldeaden is hjoed tydlik ûnderbrutsen. Troch de hege weagen bestie it risiko dat it skip sinke soe, wat it gefaar foar de dûkers en oare rêdingswurkers te grut makke om oan board te bliuwen. Moandei moasten de rêdingsaksjes ek stillein wurde. Der binne wylst alve deaden burgen. Mear as tweintich minsken wurde noch fermist.


Ek sjen:

  1. Proses-Schettino yn teaterseal ROME – It proses tsjin Francesco Schettino, kaptein fan it...
  2. Fearboat nei Sylt fêstrûn op it waad HÖRNEM – Troch in ynskattingsflater is de fearboat Adler IV...
  3. Skipsramp foar Italiaanske kust TOSCANE – Foar de kust fan Toscane is freedtejûn in...
  4. Welsh Language Board ferdwynt De nasjonale assemblee fan Wales wol de Welsh Language Board...
  5. Welsk prate ferbean yn hotel LLANFAIRPWLLGWYNGYLLGOGERYCHWYRNDROBWLLLLANTYSILIOGOGOGOCH - Keukenpersoniel fan in hotel yn Wales mei ûnderling gjin...

1 reaksje op “‘Ik foel yn de rêdingsboat’”


  1. Daan
    19 jannewaris 2012 12:11

    Yeah right..

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic