In mediterraan Silicon Valley
moandei 9 jannewaris 2012Grikelânkrisis, Arabyske revolúsjes, minskeslachtingen yn Syrië, raketten út Gaza, selsmoardoanslaggen yn Irak, atoombommen út Iran, wy soenen hast tinke dat it dêr oeral lijen is. Mar nearne yn ‘e wrâld wurde safolle nije technology startups begûn as yn it hippe Tel Aviv. Hjirwei komme de measte patentoanmeldings fan de hiele Westerske wrâld, en dêrfan 40% út de IT en heechtechnologyske yndustry. Mear as twa miljard euro wurdt fertsjinne troch jonge Israelyske IT start-ups mei eksport fan harren IT produkten. In grutte kâns dat jo nijste App optocht is yn Tel Aviv. Jonge, moaie minsken fiere harren sukses op it strân en yn de moderne clubs fan dizze metropoal.
Analisten neame de Metropoal Tel Aviv ek wol Silicon Wadi, nei de Arabyske namme foar in útdroege rivierbêd. Mar dat jout in fertekene byld: per haad fan ‘e befolking lûkt Israel twa kear safolle risiko kapitaal oan as de F.S. en net minder as tritich kear mear as Europa. By it begjin fan Israel, noch mar 63 jier lyn, wie it jonge lân noch net mear as in primityf agrarysk gebiet. In yndustrialisearring hat it lân amper kend, it is fuortendaliks fan de agraryske Kibbûts yn in high-tech-tiidrek bedarre. Faaks hat it te dwaan mei de ymmigraasje fan Joadske talinten fan oer de hiele wrâld. Troch de ferplichte militêre tsjinst soenen jongelju ferantwurdlikheid en liederskipseigenskippen fluch ta harren nimme en letter foar harren nije saak ynsette kinne. Dat Israel hat dan ek tsjin alle ekonomyske trends yn in oanwaaks fan hast fiif prosint realisearre yn 2011.
Ek sjen:
- Wiisprater Obama Trije jier lyn wie Barack Obama de grutte ferlosser. Hy...
- De apartheid fan Israël TEL AVIV – Israël hat in eigen foarm fan apartheid....
- Israël wol imago oppoetse It Israëlyske regear hat in kampanje lansearre om it imago...
- Israel lit Nederlanners gean TEL AVIV – De twa Nederlanners dy’t finzen sieten yn...
- Israel: 1000 finzenen ruilje foar 1 TEL AVIV – Tiisdei sil Gilad Sjalit frijlitten wurde. De...









