Ireen Wüst tredde op EK
snein 8 jannewaris 2012BOEDAPEST – Ireen Wüst is snein tredde wurden by it Europeesk kampioenskip allround yn Boedapest. It goud wie foar de Tsjechyske Martina Sábliková en it sulver foar de Dútske Claudia Pechstein. Op de lêste ôfstân, de 5 kilometer, einige Wüst op it tredde plak efter Sábliková, dy’t yn in tiid fan 7.22.38 fierwei de rapste wie. Claudia Pechstein waard twadde. Linda de Vries en Diane Valkenburg einigen op it fjirde en fiifde plak. Foar Sábliková wie it de fjirde Europeeske titel.
(Tekst: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- WK: Ireen Wüst op kop CALGARY – Ireen Wüst stiet ynearsten op it foarste plak...
- Goud foar Ireen Wüst INZELL – Ireen Wüst fan it Hearrenfean is tongersdei wrâldkampioen...
- Kramer en Wüst op kop by WK reedriden MOSKOU - Sven Kramer hat troch in poerbêste 5000 meter in...
- Ireen Wüst twadde op 1500 m. MOSKOU – Ireen Wüst is twadde wurden op de 1500...
- Reedriden: wrâldtitels foar Kramer en Wüst MOSKOU – Sven Kramer is foar de fyfde kear yn...








