It CDA wol nei de radikale midden ta

freed 20 jannewaris 2012

UTERT – In kommisje ûnder lieding fan foarsitster Ruth Peetoom hat hjoed de nije koerts fan it CDA buorkundich makke. Dat barde op it partijkongres yn Utert. Yn it ferslach Kiezen en verbinden stiet dat de partij kiest foar “het radicale midden”. Dy kar moat de basis wêze foar it folgjende ferkiezingsprogramma. Frou Peetoom leit de klam derop dat it CDA yn de rinnende regearperioade trou bliuwt oan it regearakkoart.

De radikale midden dêr’t it CDA foar kiest, hâldt yn dat de partij ôfstân nimt fan de stânpunten oer ynboargering en migraasje fan duldstiper PVV. It CDA wol mear omtinken foar duorsume enerzjy, wol dochs de hypteekrinteôftrek oanpasse, stribbet nei in likens belestingtaryf foar elkenien (de saneamde ‘vlaktaks’) en mear ienriedigens en publike moraal.

It ferslach Kiezen en verbinden is hjirûnder te lêzen.

Kiezen en Verbinden

Ek sjen:

  1. Hûn ûntstien yn Midden-Easten Hûnen en wolven ha deselde foarfaars en dy sille it...
  2. Brângefaar yn Utert ek grut UTERT – Yn neifolging fan de brânwacht fan Brabân en...
  3. PVV fierwei de populêrste partij DE HAACH – Neffens peilings fan Maurice de Hond op...
  4. Ferliest kultuerhaadstêd Fryslân konkurrint? UTERT – De PVV yn Utert fynt dat dy provinsje...
  5. Nije partij, partij 50plus   Jan Nagel, bekend fan Leefber Nederlân, hat in nije...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic