It Marten Toonderjier is begûn

snein 22 jannewaris 2012

ROTTERDAM – Yn Rotterdam is juster it Toonderjier begûn. Mei in rige aktiviteiten wurdt omtinken frege foar libben en wurk fan striptekender Marten Toonder, dy’t hûndert jier lyn yn ‘e Maasstêd berne waard. Toonder ferstoar yn 2005.

Marten Toonder is benammen bekend wurden troch de tekenteltsjes oer Tom Poes en Olivier B. Bommel, mar hy hat ek gâns oare stripferhalen makke, bygelyks oer Panda en Koning Hollewijn. Toonder hat in Nederlânsk mei gâns wurden ferrike, lykas ‘denkraam’ (‘tinkramt’) en ‘zieleknijper’ (‘sieleforsker’).

It Toonderjier waard ynlet yn it âlde Luxorteater mei de premiêre fan de musical De nieuwe ijstijd. Dy is basearre op in tekenteltsje dat Toonder yn 1947 makke. It is it earste ferhaal dêr’t de sin ‘Als je begrijpt wat ik bedoel’ yn foarkomt, ien fan ‘e liifspreuken fan Olivier B. Bommel.

Der binne fan ‘t jier noch folle mear aktiviteiten om Marten Toonder hinne. Yn Brussel is yn febrewaris in útstalling oer Toonder syn wurk te sjen en yn kastiel Doorwerth by Arnhim wurdt fan ‘t maityd in ‘Bommelwykein’ holden. De Stripdagen yn maart steane dit kear yn it teken fan Marten Toonder.

Ferskate boeken fan Marten Toonder binne yn it Frysk oerset troch Jan de Jong, Harke Bremer en Jarich Hoekstra.

Ek sjen:

  1. Piet Wijn ferstoarn LEIDSCHENDAM – Yn Leidschendam is striptekender Piet Wijn ferstoarn. Wijn...
  2. Alexander Klopping en Marten Blankestijn hawwe in idee Neffens dit duo wurde der alle dagen prachtige kolleezjes jûn...
  3. Jongfeint fan it jier is in Stellingwerver ELSLO – Olivier van de Voort (14) út it Stellingwerfske...
  4. Fryske boekemoanne begûn LJOUWERT – De kâns dat je wer minsken mei in...
  5. Proses Wilders wer begûn Geert Wilders fielt him ferplichte om syn ‘striid tsjin de...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic