Jongfeint fan it jier is in Stellingwerver

freed 20 jannewaris 2012

ELSLO – Olivier van de Voort (14) út it Stellingwerfske Elslo is útroppen ta ‘Jongere van het Jaar’. It giet om in lanlike ferkiezing fan jongereinkrante 7Days. Olivier ferlear 2,5 jier lyn in diel fan ‘e skonk troch in ûngelok mei in hynder. Nei in revalidaasje slagge it him om in heech nivo te berikken by it swimmen. Olivier wie ien fan de sân kandidaten dy’t foar de titel yn oanmerking kamen. Hy krige in fearnspart fan de goed trijetûzen fia yntenet útbrochte stimmen.

(Boarne: Omrop Fryslân, foto: Omrop Fryslân/ Henriette Guest)

Ek sjen:

  1. Stellingwerver peaskebulten opbaarne It stook- en smookferbod yn Eaststellingwerf wurdt wer ynlutsen. Dat...
  2. Epke Zonderland sportman fan it jier LJOUWERT – Turner Epke Zonderland is moandeitejûn keazen ta sportman...
  3. Stellingwerver boeken goed ferkocht ALDEBERKEAP – De sutelaksje fan de Stellingwarver Schrieversronte hat dit...
  4. Fryske en Stellingwerver boeke-aksje LJOUWERT – Op freed 3 septimber giet de alhiel fernijde...
  5. Burgumer jongfeint deaslein QUATREBRAS – Yn diskoteek Club Q yn Quatrebras hat ien...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic