Katalaanske skriuwers boykotte literatuerpriis

woansdei 4 jannewaris 2012

PALMA DE MALLORCA – Trije Katalaanske skriuwersbûnen sille de literatuerprizen Premis literaris Ciutat de Palma boykotte. Dat hawwe de organisaasjes AELC, PEN en OCB te witten dien. De oansletten skriuwers binne lilk omdat de priis op ‘e nij ek útrikt wurdt foar Spaansktalige boeken, wylst er oarspronklik ornearre wie foar wurk yn it Katalaansk.

De Premis literaris Ciutat de Palma (‘Literatuerprizen fan de stêd Palma’) wurde sûnt 1979 alle jierren útrikt oan in skriuwer op ‘e Katalaanske eilannegroep de Baleären. Se wurde útrikt troch it gemeentebestjoer fan Palma de Mallorca. Doe’t de pro-Spaanske Partido Popular de mearderheid krige yn ‘e gemeenterie, besleat dy yn 2004 om ek prizen út te rikken foar Spaansktalich wurk. Dat beslút waard yn 2007 weromdraaid, mar sûnt ferline jier wurdt it prizejild op ‘e nij dield tusken skriuwers fan Spaansktalich en Katalaansktalich wurk.

De sjuery kin dit jier fjouwer prizen útjaan: ien foar Katalaansk proaza, ien foar Spaansk proaza, ien foar Katalaanske poëzij en ien foar Spaanske poëzij. De proazaprizen binne elkmis 24 tûzen euro grut en de poëzijprizen 12 tûzen euro. De winners wurde buorkundich makke op 20 jannewaris. De skriuwersorganisaasjes organisearje dy deis in alternatyf literêr evenemint.

De Katalaanske skriuwers hawwe in petysje opsteld om de priis wer ientalich Katalaansk te krijen. Dy is hjir te finen.

Ek sjen:

  1. Katalaansk ûnderwiis moat twatalich wurde BARCELONA – Alle skoallen yn Kataloanië moatte twatalich wurde. Dat...
  2. Katalaansk ferset tsjin twatalich ûnderwiis BARCELONA – “It ûnderwiis yn Kataloanië bliuwt ientalich Katalaansk.” Dat...
  3. Demonstraasje foar Katalaanske televyzje VALENCIA – Mear as tsientûzen minsken hawwe juster yn Valencia...
  4. Boete foar eigenwize Katalaanske taalbewegers VALENCIA – De Katalaanske taalorganisaasje ACPV moat in boete fan...
  5. Rjochter ferbiedt Katalaanske taalwet BARCELONA – In Katalaanske wet dy’t foarskriuwt dat it Oksitaansk...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic