Keamer wol homoterapy út basispakket

tiisdei 17 jannewaris 2012

DE HAACH – In mearderheid fan ‘e Twadde Keamerleden wol dat in ‘terapy’ foar kristlike homo’s net langer fergoede wurdt út it basispakket. It giet om in terapy fan de kristlike organisaasje Different. Soarchfersekerders binne ûnder de hjoeddeiske wet ferplichte en fergoedzje de behanneling fan de organisaasje. VVD, PvdA, GrienLinks en D66 wolle dat dêr fuort in ein oan makke wurdt.

De Koninklijke Nederlandsche Maatschappij tot bevordering der Geneeskunst (KNMG) warskôget foar de aktiviteiten fan Different. Dy soene skealik wêze en der is gjin bewiis foar dat se ek wat opsmite. De Nederlânske soarchynspeksje sil in ûndersyk ynstelle nei Different.

Klik hjir foar it webstee fan Different.

Ek sjen:

  1. Twadde Keamer wol ferpofamtner slite DE HAACH – Trou-amtners moatte tenei alle pearen trouwe, likefolle...
  2. Britten tsiere oer bysûnder ûnderwiis LONDEN – De Britske minister fan ûnderwiis seit dat katolike...
  3. Foarriedige gearstalling Earste Keamer DE HAACH – Sa’t it no liket, helje de Nederlânske...
  4. Staphorst wol gjin abortuslink op webstee STAPHORST – De Oeriselske gemeente Staphorst jout gjin ynformaasje oer...
  5. Opskuor om homofile messias Stel dat de messias hjoed de dei op ierde komme...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic