Keamerfragen oer belied Elkien

freed 20 jannewaris 2012

Jacques Monasch

GROU – Wenningkorporaasje Elkien ûntkent mei klam debet te wêzen oan krimp op it plattelân. Earder beskuldige PvdA-Twadde Keamerlid Jacques Monasch Elkien der fan dat it plattelân minder leefber wurdt, omdat de wenningkorporaasje hûzen ôfstjit yn de lytsere doarpen. Neffens Elkien is der net in soad belangstelling mear foar wenjen yn lytse doarpen,omdat minsken leaver kieze foar gruttere kearnen mei foarsjennings.

De wenningkorporaasje seit fierder de kommende 15 jier mar 57 wenningen ôf te stjitten. De measte dêrfan wurde ferkocht en bliuwe dêrtroch as weromte beskikber, mar in tsiental wurdt sloopt. Elkien hat mei-elkoar 10.000 hûzen.

Monasch hat juster yn de Twadde Keamer in moasje yn om minister Spies op oare gedachten te bringen. Hy fynt dat de minister soargje moat foar de leefberens yn de doarpen. De PvdA’er stelde skriftlike fragen oan de minister en út de antwurden docht bliken dat de minister it hieledal iens is mei Elkien.

De FNP yn Súdwest-Fryslân ferwyt wenningboukorporaasje Elkien ek dat dy de leefberens yn de lytse doarpen ûnderút hellet.

(Boarne: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Keamerfragen oer Sahar DE HAACH – De opposysjepartijen yn de Twadde Keamer wolle...
  2. Sloopplannen West-Ynjeske buert LJOUWERT – Wenningkorporaasje Elkien wol de West-Ynjeske buert slope. De...
  3. Keamerfragen yn it Frysk DE HAACH – “Steatssekretaris, om hokfoar reden jouwe jo yn...
  4. Frysk antwurd op Keamerfragen DE HAACH – Woansdei barde der wat unyks yn De...
  5. Dyn doarp op ‘e televyzje LJOUWERT – Minister fan ynlânske saken Piet-Hein Donner hat sneon...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic