Kerstholt Nederlânsk kampioen shorttrack

moandei 9 jannewaris 2012

Niels Kerstholt (foto: Wikipedia)

IT HEARRENFEAN – Shorttracker Sjinkie Knegt is snein tredde wurden by it Nederlânsk kampioenskip shorttrack op It Hearrenfean. De titel gie nei Niels Kerstholt. Freek van der Wart waard twadde.

Knegt, de regearend nasjonaal kampioen, belibbe in rûzich kampioenskip. Materiaalpech en fallerij soargen derfoar dat er prolongaasje fan syn titel wol ferjitte koe. Mei in fernimstige oerwinning op de 3000 meter wist de Bantegeaster dochs noch genôch punten te heljen foar de brûnzen medalje.

(Tekst: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Sjinkie Knegt Europeesk kampioen shorttrack MLADA BOLESLAV – Shorttracker Sjinkie Knegt út Bantegea is Europeesk...
  2. Nederlânsk shorttrackgoud DOARDT – By de wrâldbekerfinale shorttrack yn Doardt hawwe de...
  3. Goud foar Sjinkie Knegt op EK MLADA BOLESLAV – Sjinkie Knegt hat op de earste dei...
  4. Goud foar Fryske shorttrackers IT HEARRENFEAN – De beide Friezen Sjinkie Knegt en Daan...
  5. FC Twente Nederlânsk kampioen BREDA – FC Twente is Nederlânsk fuotbalkampioen. De Tukkers skoarden...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic