Kompjûterspultsje oer Grutte Pier
freed 27 jannewaris 2012LJOUWERT – Wa ken de grutte Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia net, de boer út Kimswert dy’t begjin 16e ieu de oanfallen fan de Hollanners op Fryslân ôfsloech? It stânbyld fan de wrâldferneamde “Grutte Pier” dat Anne Woudwyk makke hat, stiet yn Pier syn berteplak Kimswert en hat him in tige eigen gesicht jûn.
It Ljouwerter kompjûterbedriuw Triangle Studios kundige ferline jier oan dat it in kompjûterspul oer Grutte Pier meitsje soe. De titel wurdt “Cross of the Dutchman”, nei Pier syn bynamme “krús fan de Hollanners”. It spul is hast klear en de makkers litte yn it ûndersteande filmke alfêst in priuwke sjen. Klik hjir foar mear ynformaasje.
Ek sjen:










Lútsen
27 jannewaris 2012 21:16
Spannend!
Robert
28 jannewaris 2012 10:33
Spitich dat se neat fan’e graphics fan’t spul sels sjen litte…
Mar ik soe it wol keapje yn’e winkel.
Lútsen
28 jannewaris 2012 13:28
Wat binne de graphics? (Fraach fan in leek)
Robert
28 jannewaris 2012 16:36
Dat hâld yn hoe’t it spul dersels útsjocht. Dus wylsto spilet (of moat it hjir boartsje wêze?). It filmke is allinich mar in demo.
Lútsen
28 jannewaris 2012 17:25
Ja krekt. Tankewol.