Kroätië yn 2013 by de EU

moandei 23 jannewaris 2012

SAGREB – Kroätië wurdt op 1 july 2013 it 28e lid fan ‘e Europeeske Uny. Dat is de útkomst fan in referindum oer it lidmaatskip dat juster yn it lân holden waard. 67% fan ‘e stimmers wie foar, 33% tsjin. De opkomst wie mei 47% net botte heech.

Slovenië gie Kroätië al foar as earder diel fan Joegoslavië dat him by de EU oansleat. Kroätië is al sûnt 2004 kandidaat-lid. De EU en Kroätië hawwe oan ferline jier ta kediisd oer de betingsten foar it lidmaatskip. Sa moast Kroätië mear war dwaan om korrupsje te bestriden, boargers dy’t útnaaid binne yn oarlochstiid weromnimme, in grinsskeel mei Slovenië ta in útdragen saak bringe, syn ynterne merk iepener meitsje en mear rjochten oan syn minderheden jaan.

 

Ek sjen:

  1. Earste moeting `Joegoslavyske´ lieders SAGREB – Foar de alderearste kear sûnt de Joegoslavyske oarloch...
  2. Kultuerbesunigings yn 2013 DE HAACH – It ministearje fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip...
  3. Liet International yn 2013 nei Korsika! De folgjende edysje fan Liet International is op 1 desimber...
  4. Turken stimme foar demokrasy ANKARA – De befolking fan Turkije hat snein stimd foar...
  5. Ybo Buruma ferlit de PvdA om riedshearskip DE HAACH – Ybo Buruma hat yn de oanrin nei...

1 reaksje op “Kroätië yn 2013 by de EU”


  1. mbc84
    23 jannewaris 2012 10:58

    Kroäasje, fyn ik moaier as Kroätië..

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic