Kursussen Grinslânsk

snein 29 jannewaris 2012

GRINS – Friezen om utens dy’t graach wat mear witte wolle oer de streektaal fan harren buorprovinsje, kinne de kommende tiid yn Amsterdam en Grins teplak foar in yntroduksjekursus Grinslânsk. Sjoch de ûndersteande tekst of klik hjir foar mear ynformaasje.

Ek sjen:

  1. Klunderloa: online Grinslânsk leare Twee lutje muskes zwonden mor wat om. Dan warren ze...
  2. Dei fan it Grinslânsk Klik hjir foar mear ynformaasje....
  3. Bernebibel yn it Grinslânsk GRINS – Fan ‘t hjerstmis ferskynt de Kinderbiebel, in bernebibel yn...
  4. Dag van de Grunneger Toal GRINS – Grinzers hâlde fan har taal. Dat hat ferline...
  5. Kursussen Drintsk BEILEN – Jo wenje yn de Stellingwerven en hawwe in...

19 reaksjes op “Kursussen Grinslânsk”


  1. wirbel
    29 jannewaris 2012 18:07

    Wat in unsin; lit de grinzers mar wer frysk leare yn plak fan dat irritante dialekt.


  2. Njirre
    29 jannewaris 2012 19:11

    Ja beste Wirbel, volgens sommige lieden op deze site heeft het kleine Nederland net zoveel talen als provincies en het Fries is daar slechts een van. Niks geen aparte positie zoals het Welsh, nee het Fries kun je vergelijken met het Drents, het Gronings of het Overijssels en niet te vergeten het Gelderlands. Het zijn allemaal talen of dialecten, dat kun je toch niet onderscheiden, Maar over een cursus Kleifries hoor je ze niet.


  3. pyt
    30 jannewaris 2012 14:45

    Dy reaksje fan Wirbel is gewoan diskriminearjend. Komt grif fuort út it ferhaaltsje dat Frysk de ‘echte’ taal fan Grinslân wêze soe. Alderearst wie dat heel oar Frysk as uzes (ferlykje it Sealtersk), mar boppedat bestiet it Frysk as gehiel ek noch mar sa’n tûzen jier, dat wat soe ús ‘echte’taal dan wêze?


  4. Njirre
    30 jannewaris 2012 16:29

    Beste Piet, ik ben het helemaal met je eens. Het Fries is geen echte taal, maar net zo iets als Utrechts en het Zuid-Hollands en het Drents. Nederland is uniek in de wereld, omdat elke provincie zijn eigen “taal” heeft. Het leuke van het Drents bijvoorbeeld is dat het ook bij de provinciegrens stopt. En dat vindt men niet in landen zoals Frankrijk en Duitsland, Daar heb je misschien wel een minderheidstaal (bijv. Sorbisch of Bretons) maar voor de rest heb je daar alleen maar dialecten. Eigenlijk wil dat zeggen dat er geen “kabel” van isoglossen tussen deze dialecten loopt. In Nederland wel en dat is toch wel uniek, zoveel talen.


  5. wirbel
    30 jannewaris 2012 21:46

    Siz Pyt en Njirre, wat ha jim yn Fryslân te sykjen at jim it Frysk diskriminearje? En wat in unsin dat yn Fryslân in oar soart Frysk praat wurde. It is gewoan ferfongen troch dat ferfelende saksyske aksint.


  6. pyt
    31 jannewaris 2012 12:50

    As wy Friezen sels net iens minsken op foet fan lykweardigens behannelje kinne, wa dan wol?


  7. Njirre
    31 jannewaris 2012 17:51

    Wirbel, myn stikje is iroanysk bedoeld. Ik haw sels neat mei dy dialekten. Drintsk bygelyks bestiet net iens. Krekt as soe dat dialekt by de provinsjegrins fan Drinte ophâlde. Mar slimmer fyn ik dy lju hjir op dizze side, dy’t it Frysk mei sa’n Nederlânsk dialekt lyksette. It Frysk hat syn eigen dialekten (Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk) en dêrfoar meitsje wy ek gjin staveringshifkers. Tusken de Fryske en Nederlanske dialekten leit in tsjokke kabel fan isoglossen.


  8. mbc84
    31 jannewaris 2012 19:11

    Ik wol hjir graach efkes op ynheakje.

    Dat it Drintsk net bestiet, dêr bin ik it feitliken wol mei iens. Ommers, foar in pear hûndert jier ferlyn waard der net praat oer Drinte, dat bestie doe noch net iens. Drinte hie yn ‘e Steaten yn De Haach ek net iens in stim/sit, gewoan om’t it gjin betsjutting hie, it wie te lyts. Der waard doe ek net praat oer it Drintsk. Dêrtsjinoer, it Frysk dêr wurdt al ieuwen oer praat, dat is net eat dat troch provinsjegrinzen ûntstien is (der wurdt praat oer it Drintsk sûnt Drinte in provinsje is).

    Mar Njirre, do mienst dat, mei’t lju fan ItNijs artikels publisearje oer Saksyske taalfarianten, Frysk hjir lykset wurdt as in Nederlânsk dialekt. Dêr bin ik it folslein mei dy oer ûniens. Sa wurdt der net oer praat. Ik kin my foarstelle datsto it sa fielst, mar nijs is nijs en hjir wurde tafallich ek oare farianten fan Germaanske talen besprutsen. Der stiet hjir ek wol ris wat oer it Hollânsk (sjoch LinkdIn yn it Hollânsk) of oer wat it wurd fan it jier is yn it Dútsk.

    It Westlauwersk Frysk hat gjin dialekten, it binne farianten. Ik as Klaaifries haw gjin swierrichheden in Wâldpyk te ferstean, likemin in Súdwesthoekster. Der binne mar in pear wurden dy’t oars binne, fierstenste min om dizze farianten ta in dialekt beneame te kinnen. Earder soe ik sizze dat it Noard-Frysk en it East-Frysk dialekten binne. It wurd dialekt is dreech te definiëarjen. “In taal is eins in dialekt mei in leger” wurdt der wol ris sein. Sjoch mar ris nei de hjoeddeistige taalsituaasje yn it âlde Joegoslaavje. It Kroätysk en it Servysk ferskille amper fan inoar, mar dochs wurde dy as ferskillende talen oanmurken. Sa binne der noch wol mear fan dat soksoarte gefallen (tink ek ris oan it Nederlânsk dat yn Flaanderlân praat wurdt en it Nederlânsk boppen derfan). Gâns ferskil tusken dy twa, der is praat fan twa lannen, mar ien taal?


  9. Njirre
    31 jannewaris 2012 20:04

    Mbc84, ik bin it mei dy iens, dat it ferskil tusken taal en dialekt net allinnich makke wurdt troch isoglossen, mar dat ek histoaryske, politike en sosjologyske saken in grutte rol spylje. Mar krekt dat alles makket it Frysk ta in taal. Do neamst de Fryske dialekten farianten, mar soest it Drintsk ( wat dat ek wêze mei) dan ek net in Nederlânske fariant neame kinne. Wat my oanbelanget gjin probleem. Foar immen, dy’t ABN sprekt, is it tige maklik te ferstean en yn Oerisel ha se dêrmei ek gjin problemen. Mar jitris, wy sprekke faak oer “Het Limburgs” en “Het Drents”, mar ek “Het Limburgs” bestiet net. Bedoelt men dermei it Súdgeldersk of bygelyks wat yn’e omkriten fan Kerkrade sprutsen wurdt? Allinnich tusken de Fryske en de Nederlânske farianten leit in tsjokke kabel fan isoglossen en kin eltsenien op’e taalgrins sizze, dy praat Frysk en dy net. Besykje dat mar ris op’e grins fan Drinte of Limboarch. En dus oer hokker “cursussen” yn sa’n fariant prate we eink?


  10. mbc84
    31 jannewaris 2012 20:45

    ik wit net oftsto studearre hast, mar it Nederlânsk bestiet net. It Limburchsk is hiel wat oars as it Drintsk, dat yn earsten. Hjiroer wol ik fierder net útwije, sjoch en lês derfoar de boarnen dy’t der binne.

    Ik bin it folslein mei dy iens dat it Frysk hiel wat oars is, it is sa bysûnder yn it gehiel fan Germaanske talen, dêrom krekt mei it net ferlern wurde!

    Doe’t ik hjir kaam te wenjen, yn Grins, koe ik it Grinzersk kwalik ferstean. No giet it stikken better, ik haw in kursus op de universiteit folge en haw sjoen dat der in dik Frysk substraat yn sit. Grinzersk is neat oars as Frysk dat fersaksyske is. Sjoch Wikipedia foar wat in substraat is.

    Do jammerest altiten sa bot op dat der hjir ek oer oare talen praat wurdt. Ik soe sizze, hâld dêr mei op! Sa’t ik earder sei, der wurdt hjir oer safolle taalkundige saken redendield, dus ek oer de Saksyske taalfarianten, dy’t perfoarst neat fan dwaan hawwe mei de Nederlânske standerttaal (sjoch hjirfoar de skiednis fan it ABN, ek wer op Wikipedia).

    It Limburchsk trouwens is gjin Nederlânsk dialekt, mar earder in Dútsk dialekt. It leit yn it dialektkontinuüm tusken de talenfarianten dy’t yn Dútslân praat wurde en yn Nederlân…


  11. Njirre
    31 jannewaris 2012 22:32

    Ik ha net studearre, mar ik wit wol dat it ABN bestiet, krekt as it Frysk en dat kontinuüm, dat bestiet ek fan Haarlim oant Eastenryk en men mei hjir oer dialekten prate, mar ik ha beswier tjin de manier, werop. Dy saksyske taalfarianten hawwe in soad te krijen mei it ABN yn dat kontinuum.


  12. Anonym
    31 jannewaris 2012 22:40

    Ik soe foar de grap ris in pear fan dizze dialektopnamen beharkje. Ris sjen oft jim dan noch fan betinken binne dat it Saksysk sa’n soad op it Standertnederlânsk liket. (De term ‘ABN’ is al in pear desennia út de moade.)

    http://www.meertens.knaw.nl/soundbites/


  13. Anonym
    31 jannewaris 2012 22:42

    By dizze haw ik der ek wol oan, wylst ik it Grinslânsk meast frij aardich neikomme kin.

    http://dss01.meertens.knaw.nl:8080/soundbites/800-899/0832_cd1/01_meden.mp3


  14. mbc84
    31 jannewaris 2012 23:49

    Ja, der mei wol in dialektkontinuüm wêze yn ‘e Dútske talen, dat wol noch net sizze dat dizze allegearre sa maklik ûnderling te ferstean binne! Sa’t Anonym al seit, sa maklik binne dy Saksyske farianten net nei te kommen!

    Slimmer noch, ik haw ea ris it by de ein hân, doe’t ik nei Limburch belle, dat ik freegje moast oft hja ‘fatsoenlik ABN’ prate woe. Har aksint wie sa sterk (en no haw ik oer it ginneraal beslist gjin swierrichheden mei aksinten!) dat ik har net ferstean koe. Hja helle der sels in oare kollega by! Dat, dyn konklúzje dat ‘al dy oare dialekten’ fariaten binne fan it Nederlânsk… nee dat is net sa… Se lykje der bot op, mar yn dy ferhâlding kinne je prate fan ‘oare talen’. It Frysk stiet hjir lykwols folslein bûten, it hat sa’n fûndamintele oare eftergrûn dat dat nea meidwaan kin as dialekt fan de Leechfrankyske taalfarianten. De Saksyske taalfarianten lizze der ticht tsjinoan, mar hawwe ek wer in hiele oare skiednis!


  15. Redaksje
    1 febrewaris 2012 00:25

    @J88 wolle jo in email skriuwe nei ynfo@fryskebeweging.nl


  16. pyt
    1 febrewaris 2012 09:42

    Taal berêst op macht. As Grins in republyk wurdt, kin it Grunnegers moarn in taal wêze!


  17. Stellingwarver
    1 febrewaris 2012 11:15

    Goeie zaeke om de tael van de streek praoten/schrieven te kunnen. Zodoende hool ie ja meer verscheidenhied.


  18. Njirre
    1 febrewaris 2012 15:59

    Ik haw nea studearre en ik bin de hiele dei dwaande doazen yn in magazyn te ferskowen en ik haw neat tsjin dialekten en jimme hawwe allegearre in soad leard, mar as ik guon opfettings hjir lês, dan soe immen út de Wylp sizze kinne, dat er Grinslânsk praat om’t it doarp yn dy provinsje leit en deselde “taal”, dy’t wy Stellingwerfsk neame, hjit yn’e Kop fan Oerisel net sa. En as de Platdútske/ Saksyske dialekten neat mei it Nederlânsk te krijen ha, dan ha de dialekten yn it Noarden fan Limburch ek neat te krijen mei dy ut it Súden. Dialekten , wêr dan ek, meie wat my oanbelanget bliuwe, se op doarpsnivo ek in funksje, mar as lju hjir prate oer it Drintsk en sa, dan soe ik mar ris op in dialektenkaart fan Nederlân sjen.


  19. pyt
    1 febrewaris 2012 20:20

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic