Lavet
freed 20 jannewaris 2012
In lavet is net allinne in ûnderstel fan in kanon, mar ek in baai- of waskkûpe. Lavetten waarden nei de oarloch gauris yn wenningbouwennings pleatst. By ‘lavet’ tinke je faaks oan it Frânske tiidwurd ‘laver’ (waskje), mar it moat ek de ôfkoarting wêze fan de betinkers fan dy grutte waskbak: (R.R.) Laupman, (H.) van der Eerde en (F.H.P.) Trip.
Klik foar it Nederlânske Wikipedia-artikel oer lavet en hjir foar mear ynformaasje
boarne: www.taalbaas.blogspot.com
Ek sjen:
- Hjoed is it 11-11-11 LJOUWERT – Hjoed is in bysûndere dei. De alfde dei...
- Affuit foar ûnderstel! “Ik sil my it affuit efkes waskje,” sei de man....









Suwarda
20 jannewaris 2012 09:00
Wy wennen doe’t ik lyts wie yn in flat yn’e wyk Nylan yn Ljouwert en der hiene wy in lavet.
dwersbongel
20 jannewaris 2012 11:50
‘faaks’ wurdt hjir brûkt mei as betsjutting ‘gauris’ of soksawat. Mar betsjut it eins net ‘miskien’ ?
H.
20 jannewaris 2012 13:48
Neffens my wurdt ‘faaks’ hjir gewoan yn syn betsjutting ‘miskien’ brûkt.