Letterkundige: mearkes Andersen net foar bern

moandei 16 jannewaris 2012

AABENRAA – Heechlearaar letterkunde Heinrich Detering is ûntefreden oer it algemiene byld fan Hans Christian Andersen. Hy seit dat de ferneamde mearkeskriuwer “oer it algemien sjoen wurdt as in grappige man, in fleurige, losbollige, naïve persoan”. Detering wurket oan de universiteit fan Göttingen en is tydlik aktyf as gastdosint oan de universiteit fan Odense yn Andersen syn bertelân Denemarken.

Boekferkeap

De hâlding fan de Denen is Detering in stikel yn ‘e foet. Hja lizze altyd de klam op de freonlike, bernlike, leave kant fan Andersen syn wurk. Hja hawwe net yn ‘e rekken dat de mearkes ek in hiele oare kant hawwe. It byld fan Andersen syn wurk ûntstiet neffens de perfester benammen trochdat Andersen himsels altyd as de grutte bernefreon presintearre. Dat die er bewust, om de ferkeap fan syn boeken te befoarderjen. Detering: “Yn Denemarken tinkt elkenien by de namme Andersen alderearst oan de grutte bernefreon. Yn Dútslân en de Feriene Steaten is dat al oars, dêr binne syn mearkes bekender as de skriuwer sels.”

Gjin grut bern

Ta syn grutte fernuvering seach Detering dat der yn Odense posters hingje dêr’t Andersen as boarterspop op stiet. “Hy wurdt dêrtroch redusearre ta boartersguod foar bern”, seit Detering. “It is de minsken hast net oan it ferstân te bringen dat Andersen gjin grut bern wie en foar bern skreau. Hy wie in folwoeksen man en hy skreau foar folwoeksen lêzers.”

Spikerhurd

Andersen wie tige sosjaal beweegd en dat is neffens Detering dúdlik yn syn wurk te lêzen. Hy besocht him te ferpleatsen yn de swakken yn ‘e maatskippij. De letterkundige wiist op it mearke fan it famke mei de swevelstokjes: “Dêryn sjocht in folwoeksene in stjerrend bern en besiket nei te gean wat hja tinkt. It is gjin leaf bernemearke, it is spikerhurd. Hans Christian Andersen wie in skerpe en soms agressive maatskippijkritikus. Guon fan syn mearkes binne in skerpe satire op ‘e boargerlike libbenswize mei syn foaroardielen, stânsferskillen en jildsucht. Yn Denemarken witte de measte minsken dat net.”. Detering wiist der ek op dat Andersen nei alle gedachten homoseksueel wie en dat homoseksualiteit yn guon fan syn skriuwerijen in tige wichtich plak hat. Neffens Detering reagearje Denen gauris lilk as er dêrop wiist.

Heinrich Detering

Hans Christian Andersen

Ek sjen:

  1. Foarlêze is goed foar bern DE HAACH – De taal dy’t op skoalle brûkt wurdt,...
  2. Fêste bêdtiid wichtich foar bern SAN ANTONIO – Bern moatte in fêste bêdtiid hawwe. Dat...
  3. Op it Fean sjonge bern foar bern LJOUWERT – 116 bern út Fryslân dogge yn novimber mei...
  4. Literatuerpriis foar Femmigje Sytsma Fertaalster Femmigje Andersen-Sytsma, oarspronklik fan Ljouwert, is yn de prizen...
  5. Deade bern yn Aalst kamen út Nederlân AALST – De twa bernelykjes dy’t yn it East-Flaamske Aalst...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic