Limburchsk PVV-lid út Steatefraksje set
freed 13 jannewaris 2012
Cor Bosman
MAASTRICHT – PVV-fraksjes lykje op frouljushoazzen: se skuorre nochal faak. Dat docht hjoed bliken yn Nederlânsk Limburch, dêr’t Steatelid Cor Bosman út de fraksje set is. Reden is dat Bosman in kollega-Steatelid op in tige ûnfetsoenlike manier oantsjut hat yn in mail oan ‘e oare PVV-Steateleden. Dat barde al yn jannewaris 2011 en de toan wie foar in oar PVV-Steatelid, Harm Uringa, reden om út de PVV-fraksje te stappen en as ienmansfraksje troch te gean. Oer de reden dêrfoar woe Uringa doedestiids net folle útlitte, mar no hat er buorkundich makke wat der doe krekt te rêden wie.
Bosman sei oer it PvdA-Steatelid Selçuk Öztürk, in man fan Turksk komôf, yn syn mail it neikommende: “Hij is wat mij betreft niets meer en minder dan een stuk uitgekotst halalvlees (maar dan wel van een Turks varken).” Bosman krige doe in lik út ‘e panne fan syn partijgenoaten, mar mocht yn ‘e fraksje bliuwe. No’t de gong fan saken yn ‘e parse kommen is, moat Bosman lykwols út ‘e PVV-fraksje wei. “De PVV betreurt de grievende uitlatingen fan dhr. Bosman. De inhoud van de e-mail en de reactie van hem in de media zijn voor de fractie niet acceptabel”, skriuwt de Limburchske PVV-fraksje yn in parseberjocht.
Bosman is tige lilk op Uringa om’t dy mei de parse oer de mail praat hat. Bosman: “Uringa is een narcistische zak die de PVV als springplank heeft gebruikt om in de Staten te komen.” Öztürk seit dat er it nijs efkes saksearje litte wol foar’t er reagearret. “Nu zou ik te veel uit emotie reageren”, sa seit de PvdA’er. It is noch net bekend oft Bosman as ienmansfraksje yn Provinsjale Steaten fan Limburch bliuwt.
Ek sjen:
- Cor Bosman bliuwt yn de Limburchske Steaten MAASTRICHT – Cor Bosman bliuwt lid fan Provinsjale Steaten fan...
- Brek yn Europeeske SP-fraksje BRUSSEL – It Nederlânske europarlemintslid Kartika Liotard stapt út de...
- Learstoel Limburchsk MAASTRICHT – De universiteit fan Maastricht kriget in bysûndere learstoel...
- Leonie Cornips heechlearaar Limburchsk MAASTRICHT – Taalkundige Leonie Cornips wurdt bysûnder heechlearaar ‘Limburchske taalkultuer’...
- PVV wol dochs trochprate DE HAACH – De PVV wol wer trochûnderhannelje mei de...








