Literêre Fjouwerstêdetocht
tiisdei 3 jannewaris 2012
Op 17 jannewaris begjint de Literêre Fjouwerstêdetocht. Dat is in net earder fertoand fenomeen, mei as doel de diskusje oer Fryske literatuer libben te hâlden. As earste sprekker komt André Looijenga (winner fan de Jongereinbloch 2011) op ’e tekst oer it skriuwen yn in lytse taal. Yn syn lêzing sil hy û.o. de Fryske situaasje ferlykje mei dy fan it Lúksemboarchsk en it Friûlysk.
Fjouwer sprekkers hawwe de opdracht oannommen om in tal markante aspekten fan de Fryske literatuer út te wurkjen yn in lêzing en essay. De lêzingen wurde hâlden yn de fjouwer grutste Fryske stêden: Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits, alle kearen op in tiidsdeitejûn yn in bibleteek. Elke lêzing stiet op himsels en de harkers hoege net de hiele 4-stêdetocht te folbringen…
De Literêre 4-Stêde Tocht wol minsken berikke dy’t har betrutsen fiele by de Fryske literatuer. Dêrta wurde û.o. rekkene skriuwers, lêzers, studinten, dosinten, sjoernalisten, resinsinten, útjouwers, ûnderwizers, Afûk-kursisten, leden fan Fryske kriten, bibleteek meiwurkers, leden fan lêsgroepen, ensafh.
De earste lêzing hat as titel ‘Literatuer yn lytse talen’ en wurdt 17 jannewaris holden yn Tresoar, Ljouwert. Alle fjouwer lêzingen begjinne om 20:00 oere. Mear ynformaasje oer it program is te finen op www.sirkwy.nl de webside fan de Fryske literatuer.
Sirkwy is it webstee dêr’t de leafhawwers fan Fryske literatuer telâne kinne. Yn it seizoen 2010/2011 binne yn Tresoar mei grut sukses fjouwer lêzingen hâlden oer de Fryske literatuer fan nei 2000. De rige krige de tapaslike namme Sirkwy Seminar. Yn 2012 wurdt de rige fuortset mei fjouwer lêzingen, moai ferspraat oer Fryslân. De organisaasje fan de Literêre 4-Stêde Tocht is yn hannen fan Tresoar, Taalburo Popkema, de Fryske bibleteken en it Frysk literêr tiidskrift Ensafh.
Ek sjen:
- Finishferslach fan de Literêre 4-Stêdetocht De Literêre 4-Stêdetocht hat de finish helle, mei in lêste...
- ’250 tûzen minsken lêze Frysk’ Neffens de earste sprekker fan de Literêre 4-Stêde Tocht binne...
- Oer it libben fan oare minsken De ôfrûne tsien jier hat in opmerklik oantal biografyen it...
- Sirkwy Seminar Fryske Literatuer Yn it kommende winterseizoen organisearret útjouwerij Audiofrysk in seminar oer...
- Sneon 1 oktober: Literêre Arrivatrein tusken Ljouwert en Starum Meitsje in treinreis mei de Literêre Arrivatrein Fryske skriuwers...








