Ljouwert by fiif kultureelste stêden
snein 15 jannewaris 2012
Ljouwert is op it mêd fan kultureel oanbod de fyfde stêd fan Nederlân. Dat docht bliken út de kultuerkaart dy’t makke is troch ûndersikers fan ‘e Atlas foar gemeenten. Op de ranglist fan ‘e fyftich grutste gemeenten fan Nederlân stiet Ljouwert op it fyfde plak nei Amsterdam, Grins, Utert en Leien.
Ljouwert skoart wol in stik better as de stêden Maastricht (8), Den Haach (10) en Eindhoven (17). Fan de stêden dy’t lykas Ljouwert kandidaat Kulturele Haadstêd fan Europa binne, moat Ljouwert allinnich Utert (3) foargean litte.
De kultuerkaart is basearre op in nij ûntwikkele yndeks nei it ferskaat fan kultueroanbod. De yndeks sjocht nei saken as poadiumkeunsten, byldzjende keunst, erfguod, boekwinkels en film.
De top tsien kultuerstêden fan Nederlân is:
1. Amsterdam
2. Grins
3. Utert
4. Leien
5. Ljouwert
6. Den Bosch
7. Nimwegen
8. Maastricht
9. Haarlim
10. De Haach
Hielendal ûnderoan de ranglist steane de plakken Schiedam, Lelystêd, Vlaardingen, Almere en Spijkenisse.
(Boarne: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Trije grutte stêden: Alkohol boppe de 18 DE HAACH – Wethâlders fan de trije grûtte stêden: Rotterdam,...
- `Fryslân moat fiif gemeenten krije’ GRINS – It soe foar ûndernimmers goed wêze as der...
- Ljouwert wurdt ryksstêd Ljouwert wurdt ien fan de tolve stêden dêr’t rykstsjinsten in...
- Ljouwert moat ynvestearje yn Kultuerhaadstêd LJOUWERT – Ljouwert moat sels nije ynvestearrings dwaan om gading...
- Ljouwert aanst rjochtssit-ôf LJOUWERT - Nei it Iepenbier Ministearje ferhúzje mooglik ek de bestjoersrjochters...








