Ljouwerterdiel

moandei 30 jannewaris 2012

Sa’n 70 jier lyn wie ik by myn maten te boartsjen, doe’t ús heit der op ‘e fyts lâns kaam. It wie noch ûnder de besetting en ik wist dat er om bonnen nei it gemeentehûs yn Huzum moast. Dat wie doe in tocht fan 13 km hinne en 13 km werom, sa grut wie doe dy gemeente. In skoftke letter hearden wy in knal en doe kaam er rinnend werom: de al minne fytsbân wie barst. Sa gie dat doe.

Tsjintwurdich moatte om de ien of oare tsjustere reden dy gemeenten wer grut wurde en dat jout krekt yn datselde Ljouwerterdiel suver in konflikt. It giet der fansels om oft se by de stêd of by it plattelân komme en dêr sil djipper de oast wol sitte.

Eartiids wie Stiens bûten in pear notabelen in Frysktalich doarp, mar it is no wol efkes oars. Der binne troch de jierren heel wat stedsjers yn ’e nije wiken kommen te wenjen en yn winkels heart men in soad Hollânsk. Ik kin my no yntinke dat dy âlde Stienzers dat net allegear like aardich fine en dat se no bang binne, troch de stêd opslokt te wurden.

De djippere grûn is fansels dat de befolkingsgroepen noait leard hawwe, goed mei-inoar om te gean. Op skoalle is ús leard, by it earste it bêste wurdsje Hollânsk braaf ‘kreas’ werom te praten en dêr hawwe de measten har net oan ûntlûke kinnen. Mar dêr fielt men jin dan net lekker by en men lûkt jin graach op it fertroude Fryske ploechje tebek. Foar bûtensteanders is der dan net troch te kommen, sjoch mar nei it ferslach oer âld-boargemaster Van Delft-Jaasma fan Menameradiel, dy’t net yn steat steld waard oan in Frysktalich petear diel te nimmen.

Sa krije wy sûnder needsaak aparte befolkingsgroepen, wat yn it gewoane libben neat net noflik is en ûnder omstannichheden ek noch wolris hele rare konsekwinsjes ha kin. Lit ús dochs mei-inoar leare, om minsklik op foet fan lykweardigens mei-inoar om te gean en dy ferkearde lessen fan dat âlde ûnderwiis te ferjitten. Ha wy dat foarinoar, dan ropt sa’n gemeentlike weryndieling ek net mear sokke skerpe reaksjes op.

Pyt

No related posts.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic