Man Timosjenko spilet fan ruten
snein 8 jannewaris 2012De oare helte fan Joelia Timosjenko, de finzen setten âld-premier fan Oekraïne, is útpykt nei Tsjechië. In wurdfierder fan it Tsjechyske ministearje fan ynlânske saken hat earjuster befêstige dat Oleksander Timosjenko ein ferline jier al polityk asyl oanfrege hat omreden dat der no tsjin him ek in rjochtsaak oanspand wurdt. De Tsjechen wienen redsum út ‘e rie en honorearren de bea yn in amerij fan net mear as in pear oeren. Der wurdt grute dat it sydsulver fan de eardere Oekraynske foarste minister saaklike belangen hat yn in Tsjechysk bedriuw.
Frou Timosjenko is ûndertusken oerpleatst nei in finzenis dy’t in ein út ‘e riik leit. Timosjenko’s ienentritichjierrige dochter Jevgenia (op ‘e foto lofts neist har) mei mar ienris yn ‘e wike op besite komme. Jevgenia: “Har sûnens tebroazelet om’t it ljocht altiten baarnt. Wy sille stride tsjin it skeinen fan har rjochten. It ljocht dei en nacht baarne litte, lytsachtet alle rjochten foar it behanneljen fan minsken.” Om’t Joelia Timosjenko yn Oekraïne opposysjelieder is, is it Westen o sa min te sprekken oer de gong fan saken. De Europeeske Uny en de Feriene Steaten hawwe noed dat ûnder de rjochtsaken politike motiven beskûle lizze. Tsjechië hat earder ferline jier ek al polityk asyl ferliend oan Timosjenko’s eartiidske minister fan ekonomyske saken. Doe kaam der polityk trelit tusken de beide lannen út fuort.
Sjoch hjirre foar eftergrûnynformaasje oer de politike situaasje yn Oekraïne.
Ek sjen:
- Timosjenko foar it stekje KIEV – De eardere Oekraynske premier Joelia Timosjenko moat foar...
- Timosjenko efter de traaljes KIEV – De Oekraynske âld-premier Joelia Timosjenko is arrestearre foar...
- Sân jier finzenis foar Timosjenko KIEV – In Oekraynske rjochter hat de eardere premier Joelia...
- Timosjenko ek noch moardnerinne? Troch in nije beskuldiging wurdt it foar Joelia Timosjenko linkendewei...
- Timosjenko koart yn sikehûs CHARKOV – De eardere Oekraynske minister-presidinte Joelia Timosjenko is nei...








