Mear evakuaasjes yn Grinslân
freed 6 jannewaris 2012GRINS – De provinsje Grinslân hâldt noch hieltiten rekken mei in dyktrochbraak. Yn de doarpen Woltersum, Wittewierum, Ten Boer en Ter Post binne hûzen evakuearre dy’t yn gebiet lizze dat ûnderstrûpe kin by in trochbraak. Mei-inoar achthûndert minsken moasten harren hûs ferlitte. By Woltersum komt wetter troch in gat yn ‘e dyk om it Iemskanaal.
It ministearje fan definsje lit F16-jachtfleanders de Grinslanner diken kontrolearje. De fleanmasinen binne útrist mei kamera’s dy’t yn Afganistam bjermbommen opspoare koene. Dy wurde no brûkt om te sjen oft de grûn net sa trochweakke is dat de diken troch it wetter beswike. It wetterskip bestudearret de bylden om te sjen oft oanfoljende maatregels nedich binne.
Rykswettersteat hat alle warskôgings foar heechwetter freed ynlutsen. Wol binne op in soad plakken noch problemen troch it hege wetter, benammen yn yn Grinslân, by de grutte rivieren en yn it Lauwersmargebiet.
By Tolbert is neffens it Grinslanner wetterskip Aa en Hunze gjin grut risiko mear. As it net wer begjint te reinen, hâlde de diken it nei alle gedachten wol, sa meldt it wetterskip.
Ek sjen:
- Fryske seediken kard PEAZENS-MODDERGAT – Neffens wetterskip Fryslân ha de Westerlauwersk Fryske seediken...
- ‘Wy nimme Grinslân oer’ Fryslân wurdt grutter en Grinslân lytser. Fryslân kocht yn 2005...
- Farferbod yn Grinslân GRINS – Om it hege wetter en de nuodlike waarsferwachting...
- Mooglik feartsjinst Grinslân / East-Fryslân DELFSYL – Ferskate bedriuwen yn Grinslân wolle ynvestearje yn it...
- Wetterskip Fryslân makket needkaaien LJOUWERT – Wetterskip Fryslân wol in stikmannich needwetterkearings oanlizze. It...








