Minderheidstalen aanst yn Europeesk Parlemint
tongersdei 19 jannewaris 2012
Martin Schulz
BRUSSEL – Martin Schulz, de nije foarsitter fan it Europeesk Parlemint, wol sprekkers fan ferskate Europeeske minderheidstalen op termyn de mooglikheid jaan en brûk dy talen yn offisjele gearkomsten. Hy wol him dêr de kommende tiid foar ynspanne.
It giet om de fiif saneamde semy-offisjele talen Welsk, Skotsk Gaelic, Baskysk, Katalaansk en Galisysk. De regionale oerheden fan de gebieten dêr’t dy talen praat wurde, hawwe de ôfrûne jierren in soad war dien om de eigen taal in rol te jaan yn de Europeeske Uny, mar allinne de lânstalen fan de lidsteaten meie yn it Parlemint brûkt wurde, mei útsûndering fan Lúksemburchsk en Turksk. Jill Evans út Wales, dy’t foar de partij Plaid Cymru, in susterpartij fan de FNP, yn it Europeesk Parlemint sit, is tige entûsjast oer de plannen fan Schulz.
Schulz is lid fan de Dútske sosjaal-demokratyske SPD. Hy komt út Nedersaksen. Ferline jier kaam er yn it nijs doe’t er PVV-Europarlemintariër Daniël van der Stoep in faksist neamde. Van der Stoep is wilens út de PVV set om’t er twa dronken yn ‘e auto stapt wie.
(Foto: Wikipedia / Ssolbergj)
Ek sjen:
- Drankrider wol wer yn Europeesk Parlemint STRAATSBURCH – PVV-lid Daniël van der Stoep komt werom yn...
- Europeesk parlemint besunigje op tolken? It Europeesk parlemint tinkt deroer nei oft der besunige wurde...
- Fryske Akademy nei Europeesk Parlemint mei resultaten taalprojekt MELT Wat binne de resultaten fan it MELT-projekt oer it learen...
- Egypte sit sûnder parlemint KAIRO – De Egyptyske legerlieding hat it parlemint ûntbûn en...
- Dútsk parlemint foar ferheging stipefûns BERLYN – It Dútske parlemint hat tongersdei foar in ferheging...








