Moaiste wurd op It Nijs: ferpofamtner

snein 29 jannewaris 2012

Nynke Eringa út Ljouwert is de bekendste ferpofamtner fan Nederlân.

Ferline wike sneon fregen wy de lêzers fan It Nijs wat se it moaiste nije wurd op It Nijs fûnen. De poll is mar leafst 1.928 kear oanklikt, mei trochdat it Genootschap Onze Taal de stimming fia syn webstee en Twitter buorkundich makke hat. Lang giene de wurden ‘ferpofamtner’ en ‘bommerommer’ hast lykop, mar ‘ferpofamtner’ is nei in wike stimmen de dúdlike winner, mei 30,7% fan de stimmen.

In ‘ferpofamtner’ is in amtner fan ‘e boargerlike stân dy’t gjin lykslachtige pearen trouwe wol. Yn it Hollânsk hjit sa’n ien in ‘weigerambtenaar’. It Nijs hat dêr de ôfrûne jierren de oersetting ‘ferpofamtner’ foar brûkt en dat wurd is troch oare taalbrûkers oernommen. Wy kamen it bygelyks op it webstee fan Omrop Fryslân tsjin. Nijsgjirrich is dat de leden fan it Genootschap Onze Taal de Nederlânske wjergader ‘weigerambtenaar’ ôfrûne novimber keazen as Hollânsk wurd fan it jier 2011.

It wurd ‘bommerommer’ hat it twadde plak helle, mei 23,9% fan de stimmen. In ‘bommerommer’ is ien dy’t wurket by de Explosieven Opruimings Dienst (EOD) en dy’t bommen fuorthellet en ûnskealik makket. As dêr yn it Hollânsk ien wurd foar bestiet, dan kenne wy dat net. Wy hawwe ‘bommerommer’ makke nei it foarbyld fan it kompjûterspultsje ‘bommenruimer’. It tredde plak is foar ‘kofferketiisdei’. Dat wurd binne wy tsjinkommen yn it boek Hâld faasje fan H. Bremer en J. Hoekstra. It betsjut de tredde tiisdei fan septimber, ‘Prinsjesdag’, dêr’t nuver genôch gjin ynboargere Fryske oersetting fan bestiet.

In pear lêzers presintearren wurden dy’t net yn ús seleksje stiene. It giet om ‘hipperhapke’ (insectensnack), mei ‘snippersnapke’ as fariant. Fierders waard ‘ûnthâldstokje’ (usb-stick) neamd.

Hjirûnder de persintaazjes stimmers foar elk fan de selektearre wurden:

Ek sjen:

  1. Wat is it moaiste nije wurd op It Nijs?
  2. Wurd fan it jier: weigerambtenaar
  3. Frânsk wurd fan it jier: attachiant
  4. Moaiste nije Hollânske wurd: wildbreien
  5. Hokker nij wurd sil ynfierd wurde?

3 reaksjes op “Moaiste wurd op It Nijs: ferpofamtner”


  1. Hindrik
    28 jannewaris 2012 12:08

    Ferpofamtner soe it moaiste Fryske wurd fan 2011 wêze? Kom no, it is in ûnmooglik gévisme dat fuortkommen út in populistyske hetze fan ûnferdraachsume politisy, sjoernalisten en nijsoersetters. En it is ek nochris in stompsinnige misoersetting fan it al like denigrearjende Hollânske ‘weigerambtnaar’. Mei it ferkiezen fan ferpofamtner ta moaiste wurd wurdt bewiisd dat it Frysk in goedkeape aap fan it Nederlânsk is.


  2. Meindert
    28 jannewaris 2012 15:23

    @ Hindrik. Wat binne jo soer. It is dochs geweldich dat der nije wurden komme foar de Fryske taal. Der is mear as 2000 kear stimt. Dat neame wy ek wol in boppeslach. Goed betocht troch de redakteuren fan It Nijs.


  3. mbc84
    28 jannewaris 2012 17:54

    net alle gévismen binne like goed, dêr bin ik it mei iens Hindrik. Tink oan izerene lûkbealch, leech-by-de-grûn-ite, donderdeldoekje ensfh. Mar der is gjin Fries dy’t dizze wurden aktyf brûkt. At der 2000 kear stimd wurden is foar ‘ferpofamtner’ dan wol dat al wat sizze. It Frysk hat syn eigen manieren om oan nije wurden te kommen, sa no en dan in gévisme dat dochs ynbêdzje kin yn ‘e taal soe ek mooglik wêze moatte kinne. It Hollânsk hat ek fan dat soksoartige wurden, sjoch mar ris nei de Hollânske striid tsjin lienwurden. ‘Wentelwiek’ foar helikopter bygelyks…

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic