Nederlân leit near op teamdompelferdôving
tongersdei 5 jannewaris 2012
DE HAACH – Op 1 septimber fan dit jier komt der yn Nederlân in ein oan de tradisjonele lyktidige dompelferdôving fan in hiel team hinnen. In kloft hinnen wurdt by dy metoade mei de kop omleech sakje litten yn in bad mei wetter dat ûnder stroom stiet. Troch de skok reitsje se út ‘e tiid en dêrnei wurde se slachte.
It hat lykwols bliken dien dat it ferdôvjen gauris mistribelet. Dan krije guon hinnen tefolle stroom troch de lea en ûntsteane reade puntsjes yn it fleis. It komt ek foar dat guodden te min stroom krije en noch by binne as se slachte wurde.
De universiteit fan Weins hat in nije metoade ûntwikkele om slachtfûgelt mei elektysk bûten wêzen te bringen. Mei de nije metoade wurdt fan alle hinnen ôfsûnderlik metten hoefolle stroom oft se hawwe moatte om ferdôve te wurden. It foltaazje fan it bad wurdt op elke hin ôfstimd en dy hin wurdt dan lykme-allinne ûnderdompele.
Nederlân is it earste lân dat it teamdompeljen as ferdôvingsmetoade ferbiedt. Yn 2013 wurdt it yn de folsleine Europeeske Uny ferbean.
Op it stuit wurdt sa’n 60% fan ‘e slachthinnen yn Nederlân noch linke klibers ferdôve. 25% wurdt mei CO2-gas ferdôve, in pear persint op oare manieren en sa’n 10% wurdt ûnferdôve slachte, almeast troch rituele islamityske en joadske slachters.
Ek sjen:
- Sa halal is halal meastal net HILVERSUM – De measte keallen en kij yn Nederlân wurde...
- Hoanne leit aaien NAPELS – “Auweia, auweia, der Hahn legt keine Eier!” Faaks...
- Fryslân yn Nederlân, Nederlân yn Europa Minister Jan Kees de Jager stelt him hurd op yn...
- Gjin dierproeven op eagen mear WARMOND – Laboratoariums en bedriuwen brûke jierliks hûnderten kninen om...
- Nederlân krekt oan ramp ûntkaam Ald-direkteur Frans Saris jout yn syn boek Darwin meets Einstein...








