New Kids: Huren bumsen, nie mehr schuften
tongersdei 19 jannewaris 2012
De film New Kids Nitro, dy’t op It Nijs al ferskate kearen ûnderwerp fan in artikel wie, docht it net allinne yn Nedelân goed. Yn België en Dútslân lûkt er ek folle sealen. Yn Dútslân is er neisyngronisearre, foar in grut part troch de akteurs sels. Hja ferrykje it Dútsk mei wurden lykas Junge! en godverdomme noch mal. It Frysk dat yn de film foarkomt is yn de Dútske ferzje beholden. Corry Konings hat har liet Hoeren neuken, nooit meer werken foar de Dútske ferzje op ‘e nij yn it Dútsk ynsongen. Sjoch hjirûnder it Dútske foarfilmke en de útfiering fan Huren bumsen, nie mehr schuften.
Net allinne Dútsers hawwe nammers op in oersetting sitten te brieden, dat jildt ek foar de dôvetolken yn Nederlân. Hja binne der noch net út hoe’t se koekwous en verrekte mongool yn gebeartetaal oerbringe moatte.
Ek sjen:
- Mear studinten moatte kieze foar Dútsk It is wichtich foar ús ekonomy as Nederlanners de Dútske...
- Leeftydsgrins New Kids nei 16 jier UTERT – Jonge bern binne net langer wolkom yn filmsealen...
- New Kids en it skellen De film New Kids makket wat los by de minsken....
- Kampanje foar de Dútske taal AMSTERDAM – It giet net goed mei de kennis fan...
- New Kids, Gooise Vrouwen: topjier As it miswierret mei de ekonomy, pakke minsken faker in...









Erwin2.0
20 jannewaris 2012 10:00
O fuck, de skamte begjint aansen ek noch ynternasjonaal.