Nij-Guineesk kikkertsje is lytste wringedier
tongersdei 12 jannewaris 2012
AMAU – Yn 2010 berjochte It Nijs oer de fynst fan in petiterich kikkertsje op it Yndonesyske eilân Borneo (link). Dat wie doedestiids de lytste bekende kikkert fan ‘e Alde Wrâld. Sûnt binne lykwols noch lytsere kikkertsjes fûn. It rekôr fan ‘e alderlytste froask stiet sûnt in pear dagen op namme fan de paedophryne amauensis.
It bistje is mar sân millimeter grut en is dêrmei by minskewitten net allinne de lytste kikkert, mar sels it lytste wringedier fan ‘e wrâld. It hat, oars as de measte kikkerts, amper teannen en wurdt sa wurch fan syn eigen kweakjen dat it nei in pear lûde kweaken earst in pear minuten bekomme moat.
De paedophryne amauensis is neamd nei it doarp Amau yn it easten fan Papoea-Nij Guinea. Dêr waard er ferline jier oantroffen troch de Amerikaanske biolooch Christopher Austin. It bistje is op ‘e foto hjirneist te sjen.
Ek sjen:
- Petiterich kikkertsje ûntdutsen BORNEO – Twa wittenskippers hawwe op it eilân Borneo in...
- Lytste taaleilân fan Europa It Sealterfrysk hat al sûnt 1990 yn it ynternasjonale Guinnes...
- Lytste hertpomp fan de wrâld wurket Prachtich nijs foar hertpasjinten. Dokters yn Dútslân hawwe de lytste...
- Ikeprosesjerûp ek yn Grinslân GRINS – De ikeprosesjerûp is no ek yn Grinslân waarnommen....
- Opskuor om in bleate iikhoarn LONDEN – Guon minsken binne al fan it sintrum as...









Kwaak
12 jannewaris 2012 12:26
Miste kâns it prachtige wurd “frosk” te brûken…. ;p
Lútsen
12 jannewaris 2012 13:30
Kwaak: der stiet ‘froask’, ek goed, mei lûdbrekking. Ik haw ek ‘frosk’ leard, mar dat sil wol mear Wâldsk wêze.
J"88
12 jannewaris 2012 14:38
Borneo, wat in bysûnder eilân is dat dochs. Dêr rint noch fan alles rûn wêr’t wy neat fanôf witte.
Nynke
12 jannewaris 2012 17:17
Wat leaf!