Nije Fryske útjouwer: Wijdemeer
freed 27 jannewaris 2012
LJOUWERT – Utjouwer Louw Dykstra is begûn mei syn nije útjouwerij Wijdemeer. Wijdemeer is fêstige oan ‘e Westersingel yn Ljouwert en hat al twa boeken yn ‘e ferkeap: ien oer arbeidsmoraal en ien oer Fryske ljipaaien. It webstee fan de nije útjouwerij is hjirre te besjen.
Louw Dykstra foarme mei Robert Seton sûnt 1992 útjouwerij Bornmeer, mei ûnder oaren in grut fûns fan Frysktalige boeken en boeken oer Fryslân. Bornmeer fusearre yn 2006 lyn mei útjouwerij Steven Sterk. De nije útjouwerij hie net mear sa’n útsprutsen Frysk karakter as syn foargongers. Dykstra fielde him lang om let net mear sa bot thús yn it nije bedriuw en is foar himsels begûn. De relaasje mei de âld-kollega’s is goed.
Yn it nije Wijdemeer wol Louw Dykstra in soad dwaan oan it begelieden fan skriuwers. Foar de ferkeapkampanjes wurket Wijdemear gear mei it Ljouwerter bedriuw Infective Collective.
Ek sjen:
- Louw Dykstra begjint nije Fryske útjouwerij DE GORDYK – Louw Dykstra hat ôfskie nommen fan útjouwerij...
- Ferlet fan nije Fryske berneboeken Tiisdei 14 febrewaris fertelt Sigrid Kingma oer de wrâld fan...
- Utjouwer Elikser presintearret boek Opmerklike debútroman Bart Kingma oer leafde, skuld en iensumheid. Oer...
- Nije korpssjef Fryske plysje LJOUWERT – Nathalie Kramers (44) wurdt de nije sjef fan...
- Fryske en Stellingwerver boeke-aksje LJOUWERT – Op freed 3 septimber giet de alhiel fernijde...








