Kramer wint de 5000 meter

sneon 7 jannewaris 2012

BOEDAPEST - Sven Kramer hat mei oermacht de 5000 meter op it Europeesk kampioenskip yn Boedapest wûn. Yn de iepen loft sette Kramer in nij baanrekôr del: 6.31.82. Ploechmaat en konkurrint Jan Blokhuijsen ried 6.36.49, goed foar de twadde tiid en de lieding nei de earste dei. Kramer klimt troch syn winnende 5 km nei it twadde plak yn it klassemint. Op de 1500 meter fan snein moat Kramer 1.12 goedmeitsje. Havard Bokko stiet tredde nei de earste dei.

Ted-Jan Bloemen stiet nei twa ôfstannen op in kreas sechsde plak. Nei syn 14e plak op de 500 meter, waard de rider fan it gewest Fryslân sechsde op de 5000 meter yn 6.38.27.

Kramer is tolfde wurden op de 500 meter by it Europeesk kampioenskip reedriden yn Boedapest. De fjouwerfâldich Europeesk kampioen ried 37.77. De winst wie foar de Poal Konrad Niedzwiedzki yn 36.89, foar syn lângenoat Brodka yn 36.90. Jan Blokhuijsen, in gutte konkurrint fan Kramer, waard tredde yn 36.93. Havard Bøkko einige as fiifde yn 37.25. Kramer moat op de 5 km acht sekonden goedmeitsje op Blokhuijsen en fiif op Bøkko.

Bram Smallenbroek fan De Lemmer, hy rydt foar Eastenryk, waard alfde yn 37.75. Ted-Jan Bloemen, hy komt út foar it gewest Fryslân, ried 37.84, goed foar it fjirtjinde plak.

Ireen Wüst stiet nei trije ôfstannen twadde by de froulju. Op de 1500 meter waard Wüst, de Olympysk kampioene, sechsde. Mei har 2.06.36 moast se krapoan trije sekonden tajaan op winneres Martina Sábliková (2.03.64). Claudia Pechstein moast noch folle mear tajaan. De liedster nei de earste dei kaam yn 2.08.72 oer de streek. Wüst moat snein op de 5000 meter goed fjouwer sekonden goedmeitsje op regearjend kampioene Sábliková.

(Boarne: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Sven Kramer wint 1500 meter BOEDAPEST – Sven Kramer is dwaande om foar de fyfde...
  2. De Jong wint 5000 meter HAMAR – Sven Kramer moast yn de lêste rit by...
  3. Kramer en Wüst op kop by WK reedriden MOSKOU - Sven Kramer hat troch in poerbêste 5000 meter in...
  4. Sven Kramer wer Europeesk kampioen BOEDAPEST – Sven Kramer fan it Hearrenfean is yn Boedapest...
  5. Sven Kramer bêste op 10.000 meter Sven Kramer hat snein by de Nederlânske kampioenskippen ôfstannen op...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic