Omrop-presintator rint Slachte foar KIKA

tiisdei 17 jannewaris 2012

Omrop Fryslân presintator Jacob Stelwagen sil de Slachtemaraton rinne foar KIKA. De 36-jierrige Stelwagen siket dêrom sponsors, dy’t jild jaan wolle foar de kilometers dy’t er rint, of in fêst bedrach foar it folslein útrinnen fan de tocht.

Wat begûn as in grapke ûnder de moarnsútstjoering fan it nijsprogramma op de radio, is no in serieuze útdaging wurden. “Ik wol dy tocht ris rinne, mar net om ‘e nocht. Bern mei kanker fertsjinje in kâns en as ik dêr ek mar in kromke oan bydrage kin, dan sil ik dat net litte. De Slachtemaraton liket my by útstek geskikt om de stifting KIKA ûnder de oandacht te bringen en te stypjen”, sa seit de Omropper.

De Slachtemaraton wurdt sneon 16 juny holden en alle tsientûzen kaarten binne al ferkocht.

Ek sjen:

  1. ‘Status aparte’ foar Omrop Der moat in ‘status aparte’ komme foar Omrop Fryslân. Dat...
  2. Gabriella Giffords rint wer HOUSTON – De Amerikaanske politika Gabrielle Giffords kin wer rinne...
  3. Jaget Omrop Fryslân syn klanten de doar út? Hjoed koppet Omrop Fryslân “Fryske Top 1000 oer de helte”....
  4. Stille tocht foar Eeuwke Reidsma LJOUWERT – Fyftich minsken hawwe tongersdei yn Ljouwert meirûn yn...
  5. Rekordsifers foar Omrop troch iiswille LJOUWERT – Omrop Fryslân hat de mei de winter fan...

1 reaksje op “Omrop-presintator rint Slachte foar KIKA”


  1. Jacob Stelwagen
    18 jannewaris 2012 11:46

    Foar de folsleinens… Wa’t sponsorje wol, siket mar efkes kontakt fia Twitter, Facebook of mail. Giet aardich hear, sit no op krekt wat mear as 200 euro.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic