Piet Römer ferstoarn
tiisdei 17 jannewaris 2012
AMSTERDAM – Akteur Piet Römer is fannacht yn ‘e sliep ferstoarn. Hy is 83 jier wurden. Römer wie ien fan ‘e bekendste akteurs fan Nederlân. De lêste jierren wie er faak op ‘e televyzje te sjen yn de rol fan ‘e Amsterdamske plysjeman Jurriaan de Cock (“met see-oo-see-ka”) yn de searje Baantjer. Earder wie Römer ûnder oaren de Haadpyt fan Sinteklaas. Hy hat foar syn aktearjen in soad prizen krigen, wêrûnder de Televizierring. Hy is teffens eareboarger fan Amsterdam.
Ek sjen:
- Piet Wijn ferstoarn LEIDSCHENDAM – Yn Leidschendam is striptekender Piet Wijn ferstoarn. Wijn...
- Willem Duys ferstoarn HILVERSUM – De Nederlânske presintator Willem Duys is yn de...
- De nammen fan Swarte Pyt AMSTERDAM – Dat Swarte Pyt in einhinne jonger is as...
- Rudi van Dantzig ferstoarn AMSTERDAM – Skriuwer, balletdûnser en goreograaf Rudi van Dantzig is...
- Doeschka Meijsing ferstoarn AMSTERDAM – Skriuwster Doeschka Meijsing is moandeitejûn ferstoarn oan de...








