Piter Wilkens makket toanieldebút
freed 20 jannewaris 2012
LJOUWERT – Piter Wilkens wie al ferneamd as sjonger en gitarist. Meikoarten sil er sjen litte oft er ek toanielspylje kin. Wilkens makket syn debút nije wike yn it toanielstik It geheim fan ‘e kânselier.
Yn it stik fan toanielselskip Tryater spilet Wilkens de rol fan de sjongende cowboy Bline Arend, dy’t wat mear wit as in oar en de haadpersoan Keimpe stipet mei goerie. Keimpe is in jonge dy’t mei syn skiep in rêstich bestean hat yn it lân dat regearre wurdt troch kânselier Pondereus. Fan dy rêst bliuwt net folle oer as Keimpe beslút om op reis te gean en syn fermiste heit te sykjen.
De ferskes fan Bline Arend hat Wilkens sels komponearre. De teksten binne skreaun troch Peter Sybenga. Fan de ferskes is in cd makke, dy’t by de earste try-out-foarstelling fan it toanielstik presintearre wurdt.
Ek sjen:
- Piter Wilkens hat in nije cd MARSUM – Piter Wilkens hat woansdei syn nije cd “De...
- Bernlefpriis foar Piter Wilkens Trûbadoer Piter Wilkens krijt tongersdei de Bernlefpriis. Dat makket Omrop...
- Piter Wilkens moat bliuwe! MARSUM – De âldjiersploech fan Marsum is yn aksje kaam...
- Piter Wilkens yn Amsterdam De Marsumer sjonger en lietsjeskriuwer Piter Wilkens is op’t heden...
- Top-100 cd foar Piter Wilkens It earste eksimplaar fan de tredde Fryske top-100 cd is...








