Fryslân helpt Grinzer wetterslachtoffers

freed 6 jannewaris 2012

LJOUWERT – De provinsje Fryslân hat de Grinslanner boeren út Woltersum en omkriten help oanbean. De pleatsen dêr’t hja buorkje binne evakuearre omreden fan in mooglike trochbraak fan ‘e Iemskanaaldyk (mear ynformaasje). De boeren kinne har fee ûnderbringe yn fiif boerepleatsen dy’t eigendom fan ‘e provinsje binne. It giet om pleatsen dy’t de provinsje oankocht hat om natoergebieten of diken oanlizze te kinnen.

Net allinne de provinsje Fryslân lit him fan syn bêste kant sjen. Mar leafst 130 boeren út alle Nederlânske provinsjes hawwe de troffen feehâlders bûthúsromte oanbean.

Ek sjen:

  1. Fernuvering oer Frysk-Grinzer gearwurking LJOUWERT – De Fryske Steatefraksje fan de VVD is fernuvere...
  2. Jildpine by Fryslân Ferbynt LJOUWERT – Fryslân Ferbynt moat gearwurkje mei oare organisaasjes om...
  3. Reuzerôt yn Fryslân IT HEIDENSKIP – By It Heidenskip is ôfrûne woansdei in...
  4. Jeugdbinden yn Fryslân Ljouwert hat de iennichste jeugdbinde fan Fryslân. It RTL nijs...
  5. Nij blêd foar Fryske boeren LJOUWERT – Wetterskip Fryslân komt mei in spesjaal ynformaasjeblêd foar...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic