Provinsje wol perfoarst in nij gemaal
sneon 7 jannewaris 2012
Tineke Schokker
LJOUWERT – De provinsje Fryslân bliuwt by de plannen foar de bou fan in gemaal oan de Lauwersmar. De needsaak is der en dus moat der ien komme. Dat seit wetterdeputearre Tineke Schokker. Se reagearret op útlittings fan steatssiktaris Joop Atsma. Dy fynt sa’n gemaal net perfoarst needsaaklik en wol der út it Ryk wei gjin jild yn stekke. Atsma wol de spuikapasiteit op de Iselmar fergrutsje.
De provinsje is oan set as it giet om de bou fan in nij gemaal by de Lauwersmar, seit de steatssiktaris. Ynkoarten wurdt dúdlik wat in nij gemaal dêr kostje moat en oft it echt wat opsmyt.
Guon belange-organisaasjes hawwe de lêste tiid oanstien op in goede ôfwettering fan de Lauwersmar. Dêr binne no inkeld mar spuislûzen en dy wurkje net as it wetter yn de Waadsee te heech is. Dêrom moat der in gemaal komme dat it wetter fuortpompt.
(Boarne: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Blau-alch: leaver net swimme yn Lauwersmar LAUWERSEACH – Der lizze blau-algen op ‘e strannen oan ‘e...
- Grouster eilannen ynearsten ûnfeilich LJOUWERT – De evakuearre bewenners fan eilân De Burd krije...
- Provinsje baas oer Van Harinxmakanaal LJOUWERT – De provinsje Fryslân kriget it behear fan it...
- Provinsje Fryslân stelt algemien farferbod yn LJOUWERT – Fanwegen it hege wetter hat it provinsjebestjoer op...
- `Provinsje, pak dy ôffaloven oan!’ LJOUWERT – It provinsjaal bestjoer fan Fryslân hat net strangernôch...








