Reuzerôt yn skuonsaak
tiisdei 10 jannewaris 2012NEW YORK – De lêste jierren dûke geregeldwei berjochten op oer reuzerotten. Yn ferskate lannen rinne minsken tsjin eksimplaren fan it kjifdier op dy’t soms wol in meter lang binne. Ferline jier waard op it Heidenskip ek ien oantroffen (link). Dizze wike wie it raak yn de Amerikaanske stêd New York. Personiel fan in skuonsaak waard heislike kjel doe’t in ûnbidige rôt tusken de skuondoazen ferskynde. Mei in snieskower waard it bist de winkel út jage. In personielslid fan ‘e winkel hat in foto fan ‘e rôt makke. Dy is hjirûnder te sjen. Ferline jier waard yn New York ek al in rôt fan ferlykber formaat oantroffen.

Ek sjen:
- Reuzerôt yn Fryslân IT HEIDENSKIP – By It Heidenskip is ôfrûne woansdei in...
- Bomoanslach op Ikea ferhindere PRAACH – De Tsjechyske plysje hat freed in bom ûnskealik...
- Unbekende fleisiter fûn TANANARIVE – Wittenskippers hawwe op Madagaskar in ûnbekend bist fûn....
- België ek oan de AH Ahold sil de earste Belgyske Albert Heijn-winkel yn maart 2011...
- Orka Morgan op Tenerife HURDERWYK – De orka dy’t ferline jier juny by Lauwerseach...









Ferjo
10 jannewaris 2012 17:53
Ut jage? it bist stjit net op ‘e poaten wol? Of leit er te sliepen!
triarii
10 jannewaris 2012 22:41
Soe it ferhaal fan Trinus Riemersma syn “Minskrotten rotminsken” wierheid wurde kinne?
Lútsen
12 jannewaris 2012 13:34
…in meter lang?? It griist jin oan.