Rjochter ferbiedt besunigings regionale omrop
freed 27 jannewaris 2012
DEN BOSCH – De rjochtbank yn Den Bosch hat de provinsje Noard-Brabân ferbean en ferminderje it subsydzje foar Omroep Brabant. Dy útspraak kin ek gefolgen hawwe foar oare regionale omroppen, lykas Omrop Fryslân.
Neffens de rjochtbank is de regionale omrop mei minder jild net bysteat en hâld it oanbod op it peil fan 2004. It doetiidske oanbod jildt as noarm foar de takomst. Omrop Fryslân is wiis mei de útspraak. Direkteur Jan Koster ferwachtet dat fierdere ferminderings fan it provinsjaal subsydzjebedrach no fan ‘e baan binne.
Omrop Fryslân kriget op it stuit 10 miljoen euro yn it jier fan de provinsje. Omroep Brabant kriget 17 miljoen. It Noard-Brabânske provinsjebestjoer woe dat bedrach yn trije jier tiid mei 10% ferleegje.
Ek sjen:
- Omrop Fryslân kriget eigen posysje Alle regionale omroppen moatte yntegrearje yn de lanlike publike omrop....
- Omrop Fryslân op Android LJOUWERT – It nijs fan Omrop Fryslân kin fan no...
- Tweintich banen fuort by Omrop Fryslân LJOUWERT - Troch in grutte reorganisaasje ferdwine takom jier tsien banen...
- Rjochter ferbiedt Katalaanske taalwet BARCELONA – In Katalaanske wet dy’t foarskriuwt dat it Oksitaansk...
- Omrop noch in jier op satellyt LJOUWERT – De televyzjeprogramma’s fan Omrop Fryslân bliuwe noch in...








