Rjochter: webwinkel moat yn winkelpân
sneon 7 jannewaris 2012
DEN BOSCH – Webwinkels hearre yn in winkelpân en net yn in wenhûs of fabryk. Dat hat de rjochtbank yn Den Bosch dizze wike sein. De rjochter ferbea in it bedriuw Axsys om in webwinkel te ûnderhâlden yn in gebou yn it Brabânske Schijndel. Neffens it bestimmingsplan hie dat pân in yndustrybestimming. De webwinkel yn drank wie oanklage troch de SlijtersUnie, in belangeferiening fan sliterijen. Dy fûn dat Axsys nei in winkel ta moast, om’t it bedriuw in ûnearlike konkurrint wie. In webwinkel kin nammentlik gjin leeftiden fan klanten kontrolearje, wylst in sliter dat wol kin en moat.
Sawat trijefearnspart fan alle Nederlânske ynternetwinkels sitte yn in wenhûs, sa lit webwinkelbelange-organisaasje Thuiswinkel.org witte. Neffens Thuiswinkel.org binne dy bedriuwen faai as se twongen wurde om nei in winkelpân te ferfarren.
Ek sjen:
- Rjochter ferbiedt besunigings regionale omrop DEN BOSCH – De rjochtbank yn Den Bosch hat de...
- Rjochter: Assange moat nei Sweden LONDEN – It Feriene Keninkryk mei Julian Assange oan Sweden...
- Fulkaanjiske te keap REYKJAVIK – Fan de jiske fan de Iislânske fulkaan Eyjafjallajökull...
- Shell foar rjochter om griemerij Nigerdelta Healwei juny, sa is de ferwachting, kriget Shell fan de...
- Hûn falt bern oan DEN BOSCH – Twa bern fan trije jier binne woansdei...








