Rudi van Dantzig ferstoarn

tongersdei 19 jannewaris 2012

AMSTERDAM – Skriuwer, balletdûnser en goreograaf Rudi van Dantzig is yn syn 79e ferstoarn. Dantzig gou as ien fan ‘e grutste Nederlânske goreografen. As lieder fan it nasjonaal ballet (1971-1994) wie er ferantwurdlik foar de oergong nei in tiid mei in soad eksperimint. Van Dantzig wie yn 1959 de oprjochter fan it Nederlands Dans Theater. Yn 1986 brocht er it boek Voor een verloren soldaat út. Dat waard in bestseller. It boek waard ek ferfilme. Van Dantzig stie mei oan ‘e widze fan GrienLinks. Doe’t dy partij yn 1989 foar it earst oan ‘e ferkiezings meidie, wie er listtriuwer. Van Dantzig krige ferline jier te hearren dat er woekerings yn ‘e lymfeklier hie en net wer better koe.

Ek sjen:

  1. Skriuwer Heere Heeresma ferstoarn LAREN – De bekende Nederlânske skriuwer Heere Heeresma is sneintemoarn...
  2. Piet Wijn ferstoarn LEIDSCHENDAM – Yn Leidschendam is striptekender Piet Wijn ferstoarn. Wijn...
  3. Martin Gardner ferstoarn NORMAN – De Amerikaanske skriuwer, wiskundige en filosoof Martin Gardner...
  4. Willem Duys ferstoarn HILVERSUM – De Nederlânske presintator Willem Duys is yn de...
  5. Piet Römer ferstoarn AMSTERDAM – Akteur Piet Römer is fannacht yn ‘e sliep...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic