Rûnom lijen troch it waar
tongersdei 5 jannewaris 2012
Net allinnich yn de noardlike kustprovinsjes waakse de swierrichheden mei de stoarm en de wetteroerlêst. Yn Kampen is de kaaimuorre ferhege mei sketten om hoek te hâlden tsjin it rizende wetter dat mei troch de wyn opset (sjoch foto hjirnjonken; © Margriet Roukema). De balchkearing yn de mûning fan de Isel by Ramspol (de grutste yn de wrâld) wurdt ek opblaasd. By de haven fan Rotterdam binne de loadstsjinsten staakt. Sadwaande kinne inkele skippen net nei binnen en ek guon der net út. Polders yn it noarden fan de Biesbosch stean foar it earst yn santjin jier splis. Steatsboskbehear ferwachtet stjerte ûnder reewyld. Yn Zaandam binne diken ôfsetten om’t der tekpannen fan it nagelnije gemeentehûs waaie. Yn itselde plak is in spoarbrêge swier skansearre om’t der in skip tsjinoan fear. Op Skiphol binne likernôch fyftich flechten skrast. De gemeente Dordrecht partet fjouwertûzen sânsekken om, om’t wenten yn de histoaryske binnestêd der ûnder strûpe (sjoch foto hjirûnder; © Nick Janssen). Yn Keulen rint de Ryn oer. Om’t dat wetter fansels dit út komt, moatte automobilisten yn Arnhem harren weinen fan de kaaien helje.
Ek sjen:
- Nederlân yn ûnstjoer troch opsettend wetter ROTTERDAM – Rykswettersteat hâldt in tige skerp each op ‘e...
- Njoggen deaden yn FS troch balkebrekker NEW YORK – Yn de Feriene Steaten binne oant no...
- Skipper: botsing troch heechwetter BURGUM – Net in te hege steapel konteners, mar it...
- Nuversoartich waar yn 2011 It wie in jier suver sûnder winter, mar mei in...
- Rûnom rekôrhite op Nijjiersdei Der wie al ferwachte dat yn inkele kriten it waarmterekôr...








