Skipsramp foar Italiaanske kust
sneon 14 jannewaris 2012
TOSCANE – Foar de kust fan Toscane is freedtejûn in grut cruiseskip op ‘e klippen rûn. De Costa Concordia rûn in skuor fan tsientallen meters yn ‘e romp op en is oerside teard. Der binne yn alle gefallen trije minsken dearekke en fjirtjin ferwûne. It is net dúdlik hoefolle minsken noch net fûn binne. It skip hie 4200 minsken oan board. De 26 Nederlânske passazjiers hawwe de ramp allegear oerlibbe en binne wilens wer thús.
Trochdat it skip sa rêd kantele, wiene gâns rêdingsboaten net mear te brûken. Deabenaude minsken sprongen mar yn it kâlde wetter fan ‘e Tyrreenske See. Rêdingswurkers wiene manmachtich yn it spier om minsken yn feilichheid te bringen. De kaptein fan it skip is oanholden op fertinking fan dea troch skuld.
Ek sjen:
- Oaljeramp foar de Noarske kust OSLO – Foar de kust fan Noarwegen is tongersdei in...
- Fermisten by skipsramp Wolga MOSKOU – Op de rivier de Wolga is snein in...
- Grjinten stjerre op Skotske kust KYLE OF DURNESS – Op syn minst tweintich dolfinen binne...
- Roomske tsjerke boetet foar berneknoeiers DE HAACH – Der komt yn Nederlân in skeafergoedingsregeling foar...
- De grutste Italiaanske racers ...








