Sniegaos yn Eastenryk

sneon 7 jannewaris 2012

In man yn it Tiroler plak Seefeld besiket om it treinstasjon wer tagonklik te meitsjen.

WENEN – Wylst Fryslân mei in tefolle oan reinwetter oantangele sit, hat Eastenryk lijen mei sniestoarmen. Sa’n fyftjintûzen toeristen yn it westen fan it lân sitte fêst, om’t treinen útfallen binne, diken blokkearre troch snie en omfallen beammen en troch lawines. Sa’n tsientûzen hûzen sieten tydlik sûnder elektrysk. De regionale oerheden warskôgje foar nije lawines en riede minsken sterk ôf om te skyen.

 

 

Ek sjen:

  1. Grinskontrôles yn Eastenryk WENEN – Eastenryk hat wer grinskontrôles ynfierd. Dy duorje oant...
  2. Eastenryk is ek foar famkes Land der Berge, Land am Strome, Land der Äcker, Land...
  3. It giet mâl mei de snie Yn seis steaten yn de Feriene Steaten is de needtastân...
  4. Snie As ik moarns fan ’t bêd ôfkom en der leit...
  5. Gefaarlike diken Yn Fryslân binne de diken hjoed net sa bêst. Rûnom...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic