Sprútsjes wurde swieter
freed 27 jannewaris 2012
ROTTERDAM – De spruten fan no binne oars as de spruten dy’t in pear jier lyn yn ‘e winkels leine. Se binne swieter en minder bitter. Dat seit spruteboer Jaco den Bakker út it Súd-Hollânske Brielle. De Nederlânske konsumint wol neffens him hieltyd swietere spruten en de tylders besykje om sa swiet mooglike rassen te kweken. De bitterheid is sûnt fiif jier lyn mei 40% ôfnommen. Neffens Den Bakker winne sprútsjes oan populariteit. Se soene hieltyd faker op ‘e menukaart fan restaurants stean en resepten foarkomme.
Ek sjen:










Lútsen
27 jannewaris 2012 21:12
Swiete sprútsjes? Bah. Spruten ha altyd goed west; net langer as seis/sân minuten siede en dan binne se perfekt. Se wurde krekt bitter troch langer sieden.