Standard & Poor’s ramaait deryn om

sneon 14 jannewaris 2012

NEW YORK – Kredytbeoardielder Standard & Poor’s hat de finansjele merken tige yn ûnstjoer brocht troch fan mar leafst njoggen Europeeske lannen de kredytstatus te ferleegjen. By fjouwer lannen gie dy status sels yn ien kear mei twa trimen omleech. Dat barde by Italië, Spanje, Portugal en Syprus. Ien trime omleech gie, lykas earder al meld waard, Frankryk en fierder Eastenryk, Slovenië, Slowakije en Malta.

Standard & Poor’s docht fierders te witten dat der by fjirtjin lannen, wêrûnder Nederlân, in kâns fan mear as ientredde bestiet dat harren kredytstatus de kommende twa jier (fierder) ferlege wurdt. Fan de trije lannen mei de (heechste) AAA-status, Dútslân, Nederlân en Lúksemburch, is de situaasje neffens de kredytboardielder allinne yn Dútslân goedernôch om derfan út te gean dat it lân dy status hâlde sil.

De reden foar de statusferleging is dat Standard & Poor’s der net fan oertsjûge is dat de nasjonale regearen trochpakke by it bestriden fan de ekonomyske krisis. De eurotop fan 9 desimber soe te min opsmiten hawwe.

Ek sjen:

  1. Nederlânske kredytstatus ûnwis NEW YORK – Kredytbeoardielder Standard & Poor’s hat fyftjin eurolannen...
  2. Kredytweardigens België bliuwt gelyk BRUSSEL – België wurdt net minder kredytweardich. Standard & Poor’s,...
  3. Kredytweardigens Spanje sakket NEW YORK – Nei Fitch ferleget no ek kollega-kredytbeoardielder Standard...
  4. Japanske kredytweardigens omleech NEW YORK – Japan is formeel in minder betrouber lân...
  5. Kredytweardigens FS leger beoardiele NEW YORK - Standard & Poor’s hat de kredytweardigens fan de...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic