Stedsbern mei studinten nei de boer
tongersdei 12 jannewaris 2012
LJOUWERT – Studinten fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL sille mei stedsbern “de boer op”. Hja kamen derefter dat bern dy’t yn ‘e stêden grut wurde, der gjin besleur oer hawwe wat der op in boerehiem bart, hoe’t kij molken wurde en wannear’t de ûngetiid begjint. Net allinne wisten de bern mar in bytsje fan it boerelibben, hja hiene de boerestân ek net botte heech. De studinten wiene fan betinken dat soks der yn Fryslân net op troch koe. Hja nimme de kommende tiid Fryske stedsbern út groep 4 mei nei buorkerijen yn ‘e provinsje om harren sjen te litten wat dêr allegear bart.
It projekt hjit fan Farming4kids. Klik hjir foar mear ynformaasje.
Ek sjen:
- De NHL hat mear studinten Frysk De NHL yn Ljouwert hat mear oanmeldings foar de stúdzje...
- Nederlân hat 76.500 bûtenlânske studinten Yn it Nederlânske heger ûnderwiis studearje likernôch 76.500 bûtenlânske studinten....
- Studinten helpe Absolut Vodka Ofrûne sneon binne 70 studinten fan de NHL nei Sweden...
- Studinten fersteure Gryksk televyzjesjoernaal ATENE – In groep studinten hat it sjoernaal fan de...
- Studinten InHolland spylje falsk DIEMEN – Studinten fan hegeskoalle InHolland yn Diemen hawwe de...









jacob nauta
12 jannewaris 2012 08:49
Wy dogge dit al in pear jier! De skoalklassen binne wolkom! http://Www.dewartenster.nl
Lútsen
12 jannewaris 2012 13:43
…hja hiene de boerestân ek net botte heech’. Wat de stedsminske net ken, fret HY likemin. Sa sjochst mar wer: ûnbekend makket ûnbemind. Dizze foarljochting soe ek goed wêze foar de stedsjeugd hjir yn de Rânestêd. Dy hawwe it ek gauris heech yn ‘t krop. Dit is in hiel goed inisjatyf fan de studinten. No noch goede foarljochting oer de ‘taal fan de boer’, it Frysk. Dan sil it respekt dêrfoar yn ús Fryske stêden waakse, bin ik fan oertsjûge.