Strideraasje oer funksjeferbod haadrabbyn

freed 20 jannewaris 2012

Aryeh Ralbag

AMSTERDAM – Otterdokse joaden yn it bûtenlân wolle stappen sette tsjin de joadske gemeente Amsterdam. Dy moat neffens harren haadrabbyn Aryeh Ralbag syn funksje weromjaan.

Ralbag kaam dizze wike yn it nijs, doe’t er in ferklearring ûnderskreau dêr’t yn stie dat homoseksualiteit in sykte wêze soe, dy’t genêzen wurde koe en moast. De Amsterdamske joadske gemeente wie poerlilk en sette Ralbag út syn funksje as haadrabbyn.

Dayan Lichtenstein fan de Britske federaasje fan synagogen hat de Amsterdamske gemeente warskôge dat otterdokse joadske gemeenten yn Europa easkje dat Ralbag wer oansteld wurdt. Docht de Nedelânske gemeente dat net, dan sille de gefolgen grut wêze, sa docht Lichtenstein te witten. De Amsterdamske leauwigen sille dan yn it bûtenlân net langer as otterdokse gemeente erkend wurde. Dat soe betsjutte dat synagogen yn it bûtenlân de houliken dy’t yn Nederlânske synagogen ynseinige binne, net langer erkenne. De eksport fan kouster keallefleis nei it bûtenlân, benammen nei Grut-Brittannië, soe ek faai stean.

Ronnie Eisenmann, de foarsitter fan de joadske gemeente Amsterdam, is net wiis mei de e-mail fan Lichtenstein. Hy seit: “Met de voorlopige schorsing van Ralbag hoopten wij op een cooling off period. Dat lijkt er niet van te komen.”

Ek sjen:

  1. Amsterdamske haadrabbyn út funksje set AMSTERDAM – It bestjoerd fan de joadske gemeente yn Amsterdam...
  2. Amsterdam kontrolearret besikers AMSTERDAM – Kamera’s dy’t pleatst binne om te kontrolearjen oft...
  3. Slimme joadehaat yn Snits SNITS – De joadske mienskip yn Snits hat swier te...
  4. Rabbijn Pepe fersteurder betinking AMSTERDAM – De man dy’t mei syn geraas de deadebetinking...
  5. Amsterdam wer frij fan ferpofamtners AMSTERDAM – Alle amtners fan de Amsterdamske boargerlike stân wolle...

2 reaksjes op “Strideraasje oer funksjeferbod haadrabbyn”


  1. Daan
    20 jannewaris 2012 20:54

    En no noch by it beslút bliuwe, oars wurdt it in bytsje in brutsen statement..


  2. tsjepke
    22 jannewaris 2012 07:51

    dan mar gjin kouster keallefleis nei it bûtelân,

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic