Sven Kramer wer Europeesk kampioen
snein 8 jannewaris 2012
BOEDAPEST – Sven Kramer fan it Hearrenfean is yn Boedapest foar de fyfde kear yn syn karriêre Europeesk kampioen reedriden wurden. Op de ôfslutende 10 kilometer moast konkurrint en ploechmaat Jan Blokhuijsen nei goed 5 kilometer belies jaan. Sven wûn de 10 km yn 13.45.05, Blokhuijsen ried 13.52.48. Havard Bøkko waard tredde yn it einklassemint.
Kramer wie de bêste op trije fan de fjouwer ôfstannen. In protest fan de Noaren tsjin Kramer – net mei beide redens op it iis oer de einstreek – waard troch de sjuery fersmiten.
(Boarne: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Sven Kramer wint 1500 meter BOEDAPEST – Sven Kramer is dwaande om foar de fyfde...
- Kramer wint de 5000 meter BOEDAPEST - Sven Kramer hat mei oermacht de 5000 meter op...
- Sven Kramer bêste op 10.000 meter Sven Kramer hat snein by de Nederlânske kampioenskippen ôfstannen op...
- Kramer en Wüst op kop by WK reedriden MOSKOU - Sven Kramer hat troch in poerbêste 5000 meter in...
- Sven Kramer mei dochs nei NK IT HEARRENFEAN – It Nederlânske reedridersbûn KNSB hat Sven Kramer...








