SW-Fryslân praat oer opdieling gemeente

woansdei 18 jannewaris 2012

SNITS – Der komme ynformaasjejûnen yn Arum, Penjum, Kimswert, Surch en Lollum om te hearren oft de ynwenners wol by Súdwest-Fryslân bliuwe wolle. Dy fraach is aktueel, no’t de provinsje oanstjoert op weryndieling yn Noardwest-Fryslân. De doarpen yn it noarden fan Súdwest-Fryslân binne bot op Harns en Frjentsjer oriëntearre.

Foar 1 april moat de gemeente by de provinsje oanjaan hoe’t der oer in grinskorreksje tocht wurdt. Foar boargemaster Hayo Apotheker is in korreksje besprekber.

De earste ynformaasjejûn oer in mooglike grinskorreksje is op 23 jannewaris yn de Grutte tsjerke yn Arum. Dêrnei folgje Penjum, Kimswert, Surch en de lêste is op 7 febrewaris yn de Nije Haven yn Lollum. By dy lêste gearkomste meie ek de bewenners fan Waaksens har miening jaan, omdat Lollum en Waaksens in soad mei-inoar dogge.

(Tekst en ôfbylding: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Legeaën wolle by gemeente SW-Fryslân GAU – De doarpen yn de Legeaën hawwe justerjûn ja...
  2. Belied Fryske taal yn de gemeente Súdwest Fryslân set út ein mei in juridyske trúk Yn de alderearste foarnimmens foar it Belied Fryske taal fan...
  3. Praat mar Frysk by plysje Fryslân Minsken stelle it op priis dat sy te wurd stien...
  4. Fryske tsjerketsjinsten 7 novimber Broek PKN, 9.30 o. fr. Bouwhuis Earnewâld Frysk Oekumenysk Wurkferbân,...
  5. 1e Klimaattop Súdwest-Fryslân Ferline wike is bekend wurden dat partikuliere ûndernimmers omfangrike plannen...

1 reaksje op “SW-Fryslân praat oer opdieling gemeente”


  1. Liwadder
    18 jannewaris 2012 20:22

    Moai om te hearren dat soks net taboe is.
    Nei de boargers harkje en net allinne mar tinke oan ‘grut grutter grutst’, sa heart it!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic