Sylflarde foltôget ienlike wrâldreis
snein 22 jannewaris 2012Laura Dekker is oankommen op Sint Maarten en dat is wrâldnijs. De Telegraaf ferkrantet fan ‘e moarn dat hja trijehûndert fersiken krige om in fraachpetear. De sechtjinjierrige hat as jongste persoan ea in solosyltocht om ‘e wrâld foltôge. Hja kaam oardel jier lyn wiidweidich yn it nijs as ‘it sylfamke’ om’t tal fan ynstânsjes besochten har plannen foar de wrâldreis op te kearen omreden fan har jeugdigens. Nei in protte reboelje besleat de rjochter lang om let dat de ferantwurdlikens by de âlders lei en koe it oangean mei de reis. Neist de ûnderfinings ûnderweis bringe de útlânske media har getsier mei de Nederlânske autoriteiten wiidweidich op it aljemint.
De Ingelske BBC docht te witten dat Dekker ûnderweis gjin nachtmerjes hân hat oer piraten en koraalriffen, mar al benearjende dreamen oer de Nederlânske autoriteiten. It Dútske Bild skriuwt oer in oerwinning op weagen, wyn en elkenien dy’t net yn har leauwe woe. It Amerikaanske CNN neamt har reis histoarysk en kontroversjeel. De Australyske Herald Sun wiest der wangeunstich op dat Dekker in protte holdert holden hat, wylst de Australyske Jessica Watson, dy’t hja it rekôr fan jongste solosiler no ôfsnobbe hat, har reis yn ien ruk die. De Nij-Seelânske kranten wize op harren Nijseelânske nasjonaliteit – hja is dêr foar de kust berne – en har plannen har dêr nei wenjen te setten, om’t se har nocht ôf hat fan it nearhertige Nederlân. It Guinness rekôrboek sil Dekkers rekôr net opnimme, om soksoart aventoerlik hâlden en dragen fan jongerein net oan te moedigjen. Fan it ûnder de sylreis learen op distânsje by de wrâldskoalle is net sa folle op ‘e hispel kommen.
Ek sjen:
- Laura nei Oprah Winfrey De 13-jierrige Laura Dekker wol allinnich de wrâld oer sile....
- Nederlânsk yn it bûtenlân Nederlânsk leare yn it bûtenlân De stichting Nederlânsk ûnderwiis yn...
- Gedrachskoade foar prins Laurent BRUSSEL – De Belgyske prins Laurent mei net mear samar...








